Fytse boppe Dokkum en fytse yn Grinslân,
dat kombineare wij meast mei in ritsje Lauwersmar-om.
Net fanwege de altryd hurde wyn en seker net fanwege de lijte,
mar omdat it in boeiend gebiet is.
Fansels binne der in protte fytsers, dy't it selde rûntsje dogge
fansels binne dêr in protte toeristen bij de haven fan Lauwersmar,
bij de kampings en bij de brêge yn Zoutkamp.
Mar opfallender binne de talrike minsken mei fiersjoggers
dy't oeral bij it wetter en de droechfallen stikken lân
op syk binne nei moaie, bijsûndere fûgels.
Binne it net fiersjoggers dy't se meisjouwe
dan binne ik wol fototastellen mei mânske telelinzen.
Hawar wij begjinne yn Dokkum en fytse fia Zoutkamp
nei de haven fan Lauwersmar
Dat is it plak foar in fette hap, sizze wij altiten.
Kar genôch dêr
en it slagge ús om nei in net al te lange wachttiid ús fette hap te besetten.
Wij hellen seker ús fetgehalte,
want selden iten wij sokke goare kibbeling.
It wie opbakte beslach mei wierskynlik wat fisk binnenyn
mar dat preaunen wij net fanwege de opbakte fette goare bûtenkant.
Yn it bakje sieten 5 grutte stikken opbakte beslach
en it koste 5 euro 50......
Wij keazen foar de fisktinte mei de koartste rij
en wij begripe no wol wêrom dy rij it koartst wie.
At je dêr ien kear fisk kocht ha, kom je der nea wer.
Dus let op de blauwwite tinte fan Waddenvis aan zee,
at je sin oan fet ha, binne je teplak.
foar fisk moat je earne oars wêze.
Dat wie it ienige minpuntsje fan dizze moaie fytstocht.
![]() |
sa'n boerd sjogge net sa faak..... |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten