zondag 2 augustus 2020

Stips


"Tillefoan út en gjin foto's en fideo's meitsje"
dat is de boadskip foarôf.
Wij binne yn de tún bij Pim en Petra
en hearkje mei ús trytigen nei Robert Jan Stips,
bekende (eardere) muzikant fan Sweet 'd Buster, Golden Earring, Super Sister en the Nits.

Ik meitsje in foto at it dien is,
at Robert Jan en Pim de briefkes opsykje
dy't hij brûkt as syn setlist.
Dy briefkes hawwe it dreech,
want se moatte yn de wyn oan in kniper hingje
en dat falt net ta.

In prima muzikant op syn toetsynstruminten
Moaie lieten, moaie ferhalen.
Dus in  moaie middei

Geen opmerkingen: