dinsdag 25 augustus 2020

7 stêdentocht

 

Ik miste dit jier de Bûnspartij keatsen op Pinkstermoandei
mar Jellie miste har 11 stêdentocht op dy selde dei noch folle mear.

As alternatyf hiene wij op twadde Pinksterdei
de boppeste helte sa'n bytsje fytst
en ferline wike de ûnderste helte hielendal.

Wij fytsten yn tsjinstelde rjochting 
en seagen de pylken dan ek op de kop
at wij de bocht om wiene.

It wie in moaie tocht (fûn ik)
sûnder al dy lju om mij hinne,
op de fyts te jakkerjen.

Wij seagen no foaral fakânsjegongers
en leeftydsgenoaten
meast op sa'n elektrysk ding.

Gjin wachttiid bij it stimpeljen yn Warkum,
gjin file yn it naue strjitsje yn Hylpen
gjin wachttid foar it drinken yn Starum
en bij de slús dêr koene wij trochfytse.
Gjin bijkomdrokte yn Aldemardum 
en Sleat wie hielendal in ferademing:
wij koene dêr gewoan fytse 
wat drinken keapje en in ysko helje
en hoechden net te wachtsjen foar dy brêge

Nee, Drylst dêr wie it brêgewachtsjen
foar ien boatsje


bij in brêge dy't oars selden omheech stiet

Thúskomme sûnder stimpelkaart
mar wol 106 kilometer op de teller en op Strava

Wij hiene in moaie wyn fanôf Starum
want hij draaide wat nei it süden
en dêr wie hielendal neat mis mei


Geen opmerkingen: