woensdag 23 oktober 2019

Stappen meitsje

It sit er op dy 10 daagse fan mij.
Yn in momint fan ferstânsferbjustering naam ik mij foar
om 10 dagen oanien
10.000 stappen te setten.

Wêrom?
Gjin idee of miskien wol.
Heechstwierskynlik wie ik gefoelich rekke
troch al dy berjochten oer âlderen
dat se mear bewege moatte en dat rinne goed is.

Rinne, ik haw der neat mei
en dêrom wie it ek in healwiis plan.

Troch myn "hypermoderne" smartwatch
waard elk stapke registrearre.
en dat joech mij gelyk in goed gefoel
at ik moarn myn earste kopke tee sette.
Ik hie al 56 setten
omdat ek it loopke moarns betiid nei it húske gewoan meitelt.

En sa wie ik 10 dagen dwaande om stapkes te setten.
Jim seagen mij nei de Jumbo rinnen,
oer de van Sminealeane, troch it Bosk
en in opfallende omwennende seach mij sels
dy iene kear it Trekpaad omrinnne:
tja, dat wie op in dei dat ik jûns om 6 konstatearre
dat ik dy dei net slagje soe at ik net oer myn grinzen hinne gie.

De 10 dagen binne foarbij
neidat ik op de lêste dei
yn it skoft fan it Champions Leagie fuotbal
jûns om 10 oere
noch gau efkes 800 stappen sette
troch yn de garaazje wat hin en wer te rinnen.

Hjoed in rêstdei

der stean al 1570 stappen op,
ik tink dat it dan bij maksimaal 3000 stappen bliuwt.
Letter mar wer ris sjen.
Net omdat rinnen leuk is, mar omdat it foar "âldtsjes" as mij
goed skynt te wêzen en omdat je op syn tiid
in útdaging oan gean moatte

Geen opmerkingen: