zaterdag 19 oktober 2019

Drive N cryin


Mei aardich wat bravoer oankundige
de Amearikaanske band Drive N Cryin.
Sij binne aktyf sûnt 1985
en it wie dêrom dat er aardich wat midden fjirtigers
en begjin fiiftigers nei it Bolwerk ta kommen wiene
op dizze freedtejûn.
Ik woe mij ferrasse litte en hie gjin ferwachtings.
De measten  hiene dat wol,
fanút eardere optredens of fanút jeugdsentimint.
Dy measten wiene teloarsteld.
It swingde gewoan net.
It wie ynspiraasjeleas,
it wie plichtmatich,
it wie stiif en saai.
Dat gefoel oerhearske bij te folle lju
dêr't ik mei sprutsen ha.

Ik seach ek in stive, saaie band
mei leden dy't it net meielkoar troffen hawwe,
like it wol
Se hiene neat meielkoar:
der stiene 4 yndividuele muzikanten

En dochs haw ik genoaten fan de sound,
fan de hurde nûmers
fan de heal akoestyske set
fan de aparte stim fan de sjonger.

Ik bin bliid dat ik se sjoen ha
en komme se ea wer
miskien gean ik dan wol wer,
mei oare ferwachtings
dan falt it net ôf.

Ek posityf wie de goeie sfear
en de aardige minsken dy't ik wer sprutsen ha.
It foarprogramma fan Junkyard Dogs wie prima
mei rock út de jierren 70:
Uriah Heep, the Sweet, ACDC en Van Halen
it kaam allegear foarbij.

Superposityf  wie ik oer it waar:
ik hie werom foar de wyn
en it wie gewoan droech.


1 opmerking:

Vnske Sm!t zei

Treffend sein! Ik hef de bentsjes better yn myn bûkje. Mar sa bij elk feesje hinge je sels de slingers op.

groetenis, Anske Smit. Hylpen of ONS ? 100% Hylpen! Underdog nou..!?