vrijdag 8 februari 2019

Dy ferrekte hurde wyn

In elektryske fyts
dêr tink ik wolris oan
at it hiel hurd waait en ik haw yn de wyn.
Sa as tongersdei 7 febrewaris
doe't wynfleagen fan 8 it waar bepaalden

dan fyts ik krekt fan hûs
mei earst de wyn tsjin,
myn winterrûntsje fan 20 km
en dan tink nei 2 kilometer
wat doch ik hjir en wêrom sil ik it mij net nofliker meitsje
mei in elektryske fyts?

en dan bin ik in kilometer as 5 ûnderweis
en sit yn myn ritme
fan amper 13 kilometer per oere
en tink ik oan de moaie kilometers dy't aansens komme
en oan it lânskip dat ik dan wol sjoch

Ik traapje troch
helje sels wat skoalbern yn,
dy't noch gjin E-fyts hawwe.

en dan is dêr de sydwyn
en dan is dêr de wyn yn de rêch
en sjoch ik oan my hinne
en tink ik net mear oan oan sa'n
"fersmoargjende"E fyts




Geen opmerkingen: