It wie fannemoarn wat wyt
doe't ik de gerdinen iepen die.
Gewoanwei gjin reden om te fytsen
mar dit lytse laachje en de opkommende sinne
luts mij nei bûten.
Iens om?
Of noch fierder at it wat tafalt mei de diken.
Bij de Warntille
dy prachtige farske spoaren
op it fytspaad.
Der hiene mij al in pear foar west
dy't sa it liket de oare kant útfytsten
4 spoaren fan harren
en ien nije fan mij.
In prachtich gesicht
en ik tink no en twitterje letter
"sa moai ús eigen spoar meitsje"
De opkommende sinne makke it byld kompleet.
Pieteke de Boer,
in betûfte ferseskriuwster
fynt ynspiraasje om in fers te skriuwen
bij "de spoaren yn de snie foto"
Moai dien Pieteke....
en dat op de gedichtendei 2019
donderdag 31 januari 2019
vrijdag 25 januari 2019
Als de klok van Arnemuiden
Wij skriuwe 1988
en ik sit yn it bestjoer fan it Dielshûs.
Wij organiseare konserten foar mear omset.
Popkonserten mar ek
konserten "mei freeslike muzyk"
ûnder it mom fan
"at er mar omset yn sit."
Sa as de Havenzangers
mateloas populair yn it suden
en mei lannelike hits oeral bekend
Us bern binne 9 en 7
en de jongste is der noch net.
En dan is it 2019 en ik sjoch werom
nei 1988 oan de hân fan plakboek 1988
en dan fine je dat briefke
ik kin jim sizze dat ik net songen ha
en ik kin mij ek neat herinnerje fan dit "feest"
donderdag 24 januari 2019
Winter-snie-nocht
Winter, it is net myn ding
Snie, ik fyn it mar lestich
Mar dizze winter is alles oars
mei de 4 pakesizzers.
De jongste hat noch gjin besef
mar de oare trije wol
Jelske.....6 jier ...
nocht oan sniemanbouwe
en snieballen meitsje
mei it folautomatyske sniebalapparaat.....
nocht oan sniemanbouwe
en snieballen meitsje
mei it folautomatyske sniebalapparaat.....
Samme,
2 jier
syn útspraak is om it kertier:
"alles is wyt"
de slide is syn freon
Roan.....sûnder wanten
3 jier
snie skowe, wat in wille,
mar ek sniebal smite
in oere lang hawwe
hat hij mij fermakke
hat hij mij fermakke
en ik him
Snie it is in lust foar it each
en topfermaak foar bern en pake Aant
maandag 21 januari 2019
7 boeken
Twitter,
soms ferfelend,
mar meast nijsgjirrich
en útdaagjend
sa as dizze wike
de "foarkant fan in boek" aksje:
7 dagen oanien
in foarkant fan in nijsgjirrich boek pleatse,
sûnder kommentaar, sûnder útlis
Dit binne myn boeken
soms mei in útlis fan it werom
soms ferfelend,
mar meast nijsgjirrich
en útdaagjend
sa as dizze wike
de "foarkant fan in boek" aksje:
7 dagen oanien
in foarkant fan in nijsgjirrich boek pleatse,
sûnder kommentaar, sûnder útlis
Dit binne myn boeken
soms mei in útlis fan it werom
dit is ien fan myn earste E-books dy't ik kocht bij Fosfor , in alternative útjouwerij |
in prachtich boek fan de beste misdieferslachjouwer Rob Zijlstra (Zittingzaal 14) |
![]() |
Om in bytsje te begripen wat myn heit Jan meimakke hat yn Yndië |
![]() |
in prachtich reisferhaal fan Marica wêr't ik grutte bewûndering foar ha |
![]() |
ik fyn it sa'n bijsûnder boek dat ik it meardere kearen lêze ha en hieltyd op nei ûntdek |
![]() |
Hylarysk boekje oer de logistike proses yn in grutte húshâlding. Haw ik meardere kearen mei hân op fakânsje |
zondag 20 januari 2019
Nei de film
Unyk feitsje,
ik haw nei de film west!
Dat is echt unyk,
want films binne net oan mij bestege.
Net yn de bioskoop,
mar yn in museum yn Wommels.
In museum mei in te lege souder
om safolle minsken goed sicht te jaan op de film
"1949- De lotegvallen van koe Meibloem"
wie mei sprutsen tekst
en dus mei heal byld wol te folgen efteryn.
In moai ferhaal oer boer Feite Klijnstra fan Kûbaard
en syn drang nei fernijiing
Twadde film oer Boerenleed en boerenhoop (1934)
wie byld mei (te lûde) muzyk
en dat ik dat fyn dan begripe jim dat it hiel lûd wie
at je krekt foar de boks sitte
De tredde film sei "ferrek mar"
"kom letter mar wer"
De fjirde reserve film wie in in stomme film.
In moai ynitsjatyf fan it museum
mar as filmlokaasje
mei safolle minsken net echt geskikt.
at je efteryn sitte.
en dat sieten wij
ik haw nei de film west!
Dat is echt unyk,
want films binne net oan mij bestege.
Net yn de bioskoop,
mar yn in museum yn Wommels.
In museum mei in te lege souder
om safolle minsken goed sicht te jaan op de film
"1949- De lotegvallen van koe Meibloem"
wie mei sprutsen tekst
en dus mei heal byld wol te folgen efteryn.
In moai ferhaal oer boer Feite Klijnstra fan Kûbaard
en syn drang nei fernijiing
Twadde film oer Boerenleed en boerenhoop (1934)
wie byld mei (te lûde) muzyk
en dat ik dat fyn dan begripe jim dat it hiel lûd wie
at je krekt foar de boks sitte
De tredde film sei "ferrek mar"
"kom letter mar wer"
De fjirde reserve film wie in in stomme film.
In moai ynitsjatyf fan it museum
mar as filmlokaasje
mei safolle minsken net echt geskikt.
at je efteryn sitte.
en dat sieten wij
zaterdag 19 januari 2019
Dienstmeid
Al wer FryskeHannen op dizze blog.
In opmerklik feitsje dizze kear
út it begjin fan de foarige iuw
Bij in karriêre as "dienstmeid/bode"
wie it mooglik om it 80 jierrich jubileum te fieren
Freerkje van der Meer
13 jier en dienstbode
wylst Pietje Draaisma noch "dienstmeid"wie
doe't se 93 jier wie en ferstoar
In opmerklik feitsje dizze kear
út it begjin fan de foarige iuw
Bij in karriêre as "dienstmeid/bode"
wie it mooglik om it 80 jierrich jubileum te fieren
Freerkje van der Meer
13 jier en dienstbode
wylst Pietje Draaisma noch "dienstmeid"wie
doe't se 93 jier wie en ferstoar
vrijdag 18 januari 2019
donderdag 17 januari 2019
Beroppen
Mei it projekt Fryske hannen,
sjoch ik net allinne in soad (bekende) nammen
út eardere tiden,
mar ek in soad beroppen.
Beroppen dy't je no wat minder of net mear hawwe
In oersicht fan 1860 oant 1934
De akten fan ferstjerren binne alllegear te finen op AlleFriezen in tige nijsgjirrige side.
sjoch ik net allinne in soad (bekende) nammen
út eardere tiden,
mar ek in soad beroppen.
Beroppen dy't je no wat minder of net mear hawwe
In oersicht fan 1860 oant 1934
armmeester |
![]() |
armvoogd |
dorpsreiniger |
grafsmid |
harker |
hulponderwijzer |
kleermaker |
kuiper |
melkontvanger |
panbakker |
scharenslijper |
stoombootkapitein |
terpbaas |
turfschipper |
uitdrager |
veldarbeider |
visscher |
wagenmaker |
De akten fan ferstjerren binne alllegear te finen op AlleFriezen in tige nijsgjirrige side.
maandag 14 januari 2019
Oars neat te dwaan
Winterstop bij it fuotbal,
ik fyn it mar ferfelend
sneontemiddeis efkes earne efter it stek
dat is myn aardichheid
Meast SDS
mar oars yn de regio
Sneon wie der in Fryslân mar ien wedstriid
en lit dy no wêze bij ONS yn Snits
Net myn favorite klup,
mar mei Quick Boys op besite
koe ik kieze út
thúsbliuwe
of nei Snits
en plaknimme efter dy irritante rolreklamebuorden
en de wedstriid sjen
Ik wie yn Snits
en seach in alderaardichte wedstriid
dy't ONS terjochte ferlear mei 0-2
ik fyn it mar ferfelend
sneontemiddeis efkes earne efter it stek
dat is myn aardichheid
Meast SDS
mar oars yn de regio
Sneon wie der in Fryslân mar ien wedstriid
en lit dy no wêze bij ONS yn Snits
Net myn favorite klup,
mar mei Quick Boys op besite
koe ik kieze út
thúsbliuwe
of nei Snits
en plaknimme efter dy irritante rolreklamebuorden
en de wedstriid sjen
Ik wie yn Snits
en seach in alderaardichte wedstriid
dy't ONS terjochte ferlear mei 0-2
zondag 13 januari 2019
Spikerbroek
Dat dogge se goed yn de LC
hieltyd mear yllustraasjes bij it artikel.
Hiene se dit mei wurden omskreaun
dan wie it mij net sa opfallen as no
de route fan in spikerboek
giet oer de hiele wrâld!
Je soene nea wer in spikerbroek keapje
woensdag 9 januari 2019
Idzegea
Tiisdei yn rein en stoarm 'foar de"wyn
nei Lytsewierrum
werom mei sinneskyn
en de stoarmwyn tsjin.
in betinktsjinst foar Melle de Boer
de heit fan Eddy de Boer
ferstoarn nei in koart siikbêd
en rom in heal jier nei syn frou.
Melle de Boer", dy koe ik fierders net
útsein fan de routsjinst fan syn frou yn 2018,
doe't hij tsjin mij sei
"wa binne jo?"
Ein 2018,
sis mar de lêste 6 wiken,
siet Eddy mei in fraach oer syn heit.
Melle de Boer is berne yn Idzegea
mar wit net op hokker pleats dat is;
hij hat er koarte tiid wenne
en soe graach witte wolle wêr't it krekt is.
It wurdt it begjin fan in bijsûndere syktocht
op ynternet, bij Treosar en bij de gemeente.
Sykje om in adres dat net bekend is
yn in doarp dat foarhinne folle grutter is
en gjin strjitnammen hat.
en sa speure wij âlde kranten troch,
lizze ferbannen tusken in boerenboelguod
yn it iene en yn it folgjend jier,
sa sneupe wij yn âlde kadasterkaarten
en sykje kontakt mei minsken yn de buert.
Mear as 30 dokuminten dy't ús
stapke foar stapke helpe.....
en fierder helpe
In prachtige speurtocht
dy't úteinlik rissultaat hat.
Wij fine it adres......
En krekt yn dy wiken set de sykte
fan Eddy syn heit yn.
Hij hat er net mear west,
dat hie oars sa moai noch wol west;
hij hat gelokkich noch wol de foto's sjoen
fan hoe't it der foarhinne bij lei
In bysûndere speurtocht
wêr't Melle de Boer foar mij libjen gien is,
sa krekt foar syn dea.
dinsdag 8 januari 2019
Radio sjen
Lit ik foarôf mar efkes dúdlik stelle:
ik bin in radioman en gjin tv sjogger.
set de tv allinne oan
at ik echt iets sjen wol.
dat binne gjin praatprogramma's
dy heare op de radio
fandêr dat ik nea sjoch nei
DWDD, Jinek, Pauw en mear fan soks
yn dizze tiid is it bij oaren gâns oars,
tv's steane moarns betiid al oan
en bliuwe betiden de hiele dei oan.
in ferfelende trend is ek wurden
dat radioprogramma's
op tv te besjen binne
sit je "ademleas"te sjen nei
presintatoren mei in koptillefoan op.
Dêrom bin ik dan ek folsein iens mei
Paulien Cornelisse
zaterdag 5 januari 2019
In goed boekenjier
2018 wie foar mij in goed boekenjier
mar leafst 73 boeken koe ik bijskriuwe
op de list dy't ik bijhâld fanôf 1998
73 boeken
foar it grutte part liend
bij de bybliotheek yn Wommels
sa'n 140 meter fan myn garaazjedoar ôf.
Yn de regel bin ik dêr sa'n 2 kear yn de wike.
In stik as 5 op de Elektroanyske Lêzer
Totaal 73 boeken dus, wêrfan
6 Fryske
8 biografieën fan Jimi Hendrix, Foppe de Haan,
Henk Westbroek, Jan Boskamp, Fritz Korbach,
Tsjêbbe Hettinga, Armand, Fleedwood Mac
6 ynformative boeken
In protte moaie boeken
mar dit wie de moaiste!
'Briljant en hartverscheurend. De goede vader is een boek dat de uiterste grenzen van vaderlijke liefde beschrijft.' tony parsons
Sûnt 1998 haw ik 909 boeken lêzen
dat is gemiddeld 45
en dat gemiddelde rint noch op ek.......
donderdag 3 januari 2019
10300 kilometers
Myn 4 fytsen hie ik nedich
om yn 2018 10105 kilometers te fytsen
de oare 195 kilometers
wiene op fytsen fan in oar:
hierfyts, pakefyts, Jelliefyts en
samar in fyts
10300 kom ik op út
en dat past yn it byld
ommers 10.000 is myn stribjen,
dit jier helle op 30 novimber.
De simmermoannen binne fansels de toppers
mar ek de earste moannen fan it jier
traapkje ik der goed tsjin oan.
at de 10000 kilometers der ien kear binne
dan doch ik it rêstich oan.
Moaie fytstochten ek yn 2018:
nei Leiden hinne en werom
nei Tessel hinne en werom
rûntsje Fryslân Grins en Drinte
Basel (Switserlân) nei Beaune (Frankryk
en talrike
ûnferjitlike ritsjes yn de buertdinsdag 1 januari 2019
2018 in goed jier
It wie in goed jier
dit twadde jier dat ik net mear wurkje.
Sûn en in protte nije dingen
en útdagingen
Omgean mei de 4 pakesizzers
dat is geniete op syn best.
Moaie fytstochten,
kulturele haadstêd foar in part meimakke
en dat wie prima
Digitaal kafe,
de jeugd traine bij fuotbal,
meiwurkje oan it digitalisearjen bij Fryske Hannen,
SDS side noch wat bijhâlde,
in muzykkonsertsje bijwenje
dat binne fan dy hast fêste aktiviteiten yn in wike
Tiid stutsen yn tariedingen fan Under de Toer
en moaie jûn hân mei it ynsprekken fan de tekst
in moai sneupkluske yn Idsegea
mei resultaat
Moaie positive saken
mar ek wol hjir en dêr in teloarstelling.
sa as,
ús fytsfakânsje yn Frankryk,
dy't troch in ûngemak
net langer duorre as in wike.
sa as,
dy freedtemiddei yn novimber
doe't ik in jongere fan Talant trof
dy't frege: Kom je vanavond ook?
en ik ferbaasd reagearde en hearde dat
alle meiwurkers fan Under de Toer
jûn de slotjûn hiene........:
Under de Toer,
wêr ik foar myn gefoel
foar de útfiering
in weardefolle bijdrage levere ha
mei in skriuwen,
it ynlêzen
it neisjen
en it útsykjen .
(ferfolch op 4 jannewaris: ik krige noch in tankbriefke en boekwurkje fan de organisaasje)
dit twadde jier dat ik net mear wurkje.
Sûn en in protte nije dingen
en útdagingen
Omgean mei de 4 pakesizzers
dat is geniete op syn best.
Moaie fytstochten,
kulturele haadstêd foar in part meimakke
en dat wie prima
Digitaal kafe,
de jeugd traine bij fuotbal,
meiwurkje oan it digitalisearjen bij Fryske Hannen,
SDS side noch wat bijhâlde,
in muzykkonsertsje bijwenje
dat binne fan dy hast fêste aktiviteiten yn in wike
Tiid stutsen yn tariedingen fan Under de Toer
en moaie jûn hân mei it ynsprekken fan de tekst
in moai sneupkluske yn Idsegea
mei resultaat
Moaie positive saken
mar ek wol hjir en dêr in teloarstelling.
sa as,
ús fytsfakânsje yn Frankryk,
dy't troch in ûngemak
net langer duorre as in wike.
sa as,
dy freedtemiddei yn novimber
doe't ik in jongere fan Talant trof
dy't frege: Kom je vanavond ook?
en ik ferbaasd reagearde en hearde dat
alle meiwurkers fan Under de Toer
jûn de slotjûn hiene........:
Under de Toer,
wêr ik foar myn gefoel
foar de útfiering
in weardefolle bijdrage levere ha
mei in skriuwen,
it ynlêzen
it neisjen
en it útsykjen .
(ferfolch op 4 jannewaris: ik krige noch in tankbriefke en boekwurkje fan de organisaasje)
Abonneren op:
Posts (Atom)