maandag 31 juli 2017
Skriuwe
Sa'n kop yn de LC fan hjoed
docht mij tinken oan de Herfoarme Legere Skoalle
yn Wommels,
oan de Hofkamp....
begjin jierren 60
It sil yn klas 4 west ha
dat ik bijles krige,
fan master Marten de Boer
of wie it strafles...
wylst oaren sjonge of tekenje mochten
moast ik skriuwe..
"de pen goed fêsthâlde"
waard sein en foardien
en sa moast ik stikken oerskriuwe
myn hânskrift wie beroerd
en dat seach master de Boer foaral
oan myn opstellen.
Ynhâld en taalkundich goed
mar in betiden net te lêzen hânskrift
hat it holpen, dy bijles?
nee!
myn hânskrift is sa beroerd
dat ik pas in lokkich man waard
doe't typemasjines en kompjoeters
ûnderdiel útmakken fan it deistich libben...
kaarten en teksten earne opskriuwe
wurdt mij mei reden net tabetroud
skriuwe,
ik doch it hast net mear,
útsein de boadskippersbriefkes
foar de Jumbo.
oh ja....
dat ik ek net moai tekenje
en moai sjonge kin
dat dat dus in dúdlike oorsaak:
myn skriuwlessen
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten