Krekt trije wike lyn brocht de bus fan Cycle Tours ús nei Arles yn Súd Frankryk.
De wiken dêrnei fytsen wij fan de Middellânske See nei de Atlantyske Oseaan.
In moaie fakânsje mei grutte tsjinstellingen.
Ungewoane waarmte (38 graden) oant "Golf fan Biskaje depresjewaar",
fan moaie strakke fytspaden oant ûnbegeanbere, ûnferhurde trochgongen
en fan tichte kampings oant 4 stjerren terreinen.
Wij oernachten yn ús superdelukse fierstente swiere tinte
en fytsten troch moaie natoer en hast altyd bij it wetter del.
Soms moast er ek noch klommen wurde, net ús hobby mei bagaazje.
Wij hiene krekt wat mear as 1000 kilometer fytsgenot.
In oare bus fan Cycletours brocht ús wer nei Amsterdam.
Wij binne wer thús en ek dat befalt wer prima.
In lytse ympresje
Mei de bus fan Amsterdam nei Arles.... in tuskenstop bij Luik |
De earste kamping....oan de Middellânske see |
de twadde kamping.....wat in sântroep |
nei in dei fytsen is in bierke in lust en in pizza hast ferplicht.....wat in pizzahutten ûnderweis |
de paden wiene net oeral like breed en flak |
blommen en tsjerkhoven...it past oed bijelkoar yn Frankryk |
Canal du Midi......net echt geskikt foar ús soarte fytsen mei bagaazje |
wat in fleurige boaten bij Toulouse yn de Toulouse kleur |
Gjin roaming mear.....dus wie de wifi tafel meast net beset |
sinneblommefjilden, dêr krije je in goed sin fan |
en foar moaie loften kinne je dêr ek telâne |
de twadde wike bij de Atlantyske oseaan stie yn it teken fan rein, ûnwaar en hurde wyn..... |
mei sa no en dan in sintsje tuskentroch |
Op dit plak stiene wij trije jier lyn ek doe't wij dêr nei Nederlân fytsten |
ferreinde fytsers |
droechje |
ferrek ...de kamping is der net mear.....goooogellje dus foar in alternatyf |
wij en sij ûnder beam bij 38 graden |
in soad genot fan ús fiersteteswiere tinte |
de foto kamera op it stjoer efkes draaie.....en klik |
Pypskoft oan de Middellânske see |
wij ferlitte al wer in kamping |
efkes sjen hoe't it allegear sit mei dy routes en sa... |
nei it puntsje ta en mei de boat oer |
10% klimme mei bagaazje .......it slagge |
oan de Atlantyske oseaan rint in moaie fytsroute |
moaie plaatsjes ûnderweis |
kersen en abrikozen..... |
in moaie strakke loft en in kreas paad |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten