is in grut projekt yn it ramt fan simmer 2018
ek wol neamd Kulturele Haadstêd
"frijsteat foar alle talen"
is de ûndertitel fan dit projekt
en ôfrûne freed waard
op it festivalterrein fan WttV,
iets ûntbleate wat dêr mei te meitsjen hie
ja...ja....
it begong al bij de kassa
gewoan yn it Frysk muntsjes keapje
wie in hiele poepetoer;
ik seach tsjin in frjemde blik oan
en foaral ien sûnder begryp foar ús eigen taal
ja...ja....
in oantal bierkes bestelle wie al sa lêstich.
ûnwil.....seach ik foaral
bij in oantal.
dat je it echt net ferstean kinne,
dat aaklike Frysk,
is noch dêr oan ta
is noch dêr oan ta
dat kinne je gewoan oanjaan....
mei in in wurdsje as "helaas"
mar de ûnwil
de reaksje
de striid
dat past net bij myn idee oer Lân fan taal"
It festival wie prima
moai sfearke
lekkere muzyk
aardige minsken
moai oanklaaid, rom terrein |
oant healwei de jûn prachtich waar |
prima muzyk hjir en dêr |
deskundige muzykleafhawwers Pieter Jan en Jan foaroan |
de flier gie op en del bij de swingende Kaapverdyske groep út Rotterdam Tabanka |
Truckfighters.....wat in konsert... |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten