sei de winner fan de tredde edysje fan de Frysman,
in triatlon dus
en dat is
3,8 kilometer swimme
180 kilometer fytse
42,2 kilometer drave
oan ien stik troch
Je moatte it mei eigen eagen sjen
om te witten wat soks ynhâldt,
je ferwûnderje oer it trochsetten
fan dizze sporters
om it te folbringen
binnen 15 oeren moat it kinne
hawwe se ea betocht.
Binnen 9 oeren kin it ek
sa die bliken út de tiden fan de earste twa
Bikkels binne it allegear
ek de lêste dy't binnenkomt
ek hij gie om 7 oere moarns it Iselmar yn
om jûns om 22.36 oan te kommen
bûten de stelde tiid
mar fan de organisaasje en it oerbleaune publyk
wol mei like folle respekt
it is in prachtich evenemint
om te sjen en te belibjen
en dat kinne je it beste dwaan troch as frijwilliger
in hantaast te dwaan.
Us wykein op de kamping yn Warns is goed slagge....
wij ha ús net ferfeeld
Freed de boel opbouwe bij it Reaklif |
der is fan alles te dwaan |
Freedtejûn de oergesellige pastaparty.....man man, wat kinne dy lju opskeppe (letterlik) |
Sneontemoarn krekt foar 7 oere at Wout Zijlstra syn ferhaaltsje docht |
en dan de start fan it swimmen .....38oo meter op in rêstige Iselmar |
Gerrit Dijkstra docht mei as para-atleet...wat hie elkenien in respekt foar dizze trochsetter. Wout Zijlstra moat jim de heuvel efkes optriuwe, at him klear is mei swimmen |
in lekker rockmuzykje bij it rinparkoers |
en in inkele atleet seach efkes yn de kofferbak fan Tsjalke de Vries at dy noch wat lekkers hie |
Stefan van der Pal bij de wetterpost op Laaksum |
en dan krije je sa'n tapaslike kop yn de krante |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten