donderdag 13 juli 2017

Ferwiten


Wol faker komme wij helaas sokke koppen tsjin yn de krante.
In freeslik berjocht wêr't fansels in sin oanhinget
fan ien momint net opletten
ien momint it bern út it each ferlieze
ien momint....
mei freeslike gefolgen

Yn dizze tiid fan sosjale media,
wêr't elkenien in oardiel hat
giet it ek no wer los op facebook en op twitter

feroardiele
sloech foar master op,
net te filmjen
sa't minsken de finger wize nei
de mem ........

Gelyk tink ik werom oan 1961
doe't myn broerke ferdronk,
yn de Boalsertertrekfeart,
ek hij wie 5 jier âld

ik frege mij ôf
hoefolle ferwiten der doe miskien ek wol wiene
oan myn âlders?
stille ferwiten
ferwiten efter de rêch...

ik wit it net,
wat ik wol wit is dat ik bliid bin
dat er doe gjin sosjale media wiene






Geen opmerkingen: