Op myn syktocht nei in fuotbalwedstriid
op sneontemiddei
kom ik dizze kear út bij ONS BOSO Sneek.
De Topklasse dat sjoch ik foaral om it fjild hinne
stewards, feilichheidsminsken, fotograven met hesjes,
videokameras, "folle" tribune, ballenjonges en de fjirde man......
Fierders in gemoedlike sfear en freonlike minsken.
Oer it fuotbal moat ik mar net te folle sizze,
"wij binne dit jier bij SDS net ferwend"
joech ik bij in oantal ONS supporters oan, "mar dit is ek net bêst"
Sij joegen it gelyk ta.....
ek sij prottelje oer de ynset, de belibbing en it gemis oan fertrouen
Dat jilde foar de earste helte.....
Sa'n skoft kin in ploech dus goed dwaan, want yn de twadde helte
wurdt it boeiend, iepenener, fûler.....mar noch altiten net geweldich,
spannend is it wol.
Ien spiler springt er wat mij betreft út.
De spits, Ramos, wat in ynset en it liket wol of moat hij it gebrek oan ynset
fan twa oare oanfallers kompenseare.
Hij krijt lestige ballen mar wit him der goed mei te rêden
en just hij is de ienige dy't it breed hâldt op de fleugels...
de 1-0 dy't falt is op dat stuit lean nei wurkjen.
ONS wint en miskien kom ik wol werris om in goeie wedstriid te sjen......
Geen opmerkingen:
Een reactie posten