perfekt waar
goeie muzyk
en toch....
mankearde der wat oan:
it wie wat sfearloas
Dat is myn konkluiuzje
nei in jûntsje Prison Blues
De Blokhúspoarte wie de lokaasje
neat mis mei,
in binnen en in bûtenpoadium
neat mis mei,
sfearfol terras mei in sitje hjir en dêr
neat mis mei
in ferskaat oan iterskreamkes
oan dy fan de Hotdogs wie neat mis mei
en toch kaam it net los
fierstentemin minsken
dy't at se op de Luchtplaats oankommen
harren ôffregen "wêr is elkenien"
hawar
neat fan oanlûke
ik kom foar de muzyk
oan de bands mankearde neat.
mar wat hat it no fan sin om twa bands tagelyk te plannen
en tuskentroch minstens in heale oere omhingskoft?
Sa slagge it mij dus net om de echte bluesband The Tightropes út te sjen
want ik woe efkes nei Dario Mars & the Guillotines (allinne om de namme al)
en at dat sa leuk is, kom je dus net werom bij The Tichttropes....
En nei trije kertier wachtsje
want hoe is it mooglik, beide healwei achten band begongen in kertier letter,
moast ik wer kieze,
de twa jonges fan Scrappy Tapes yn it sellenblok
Brother Dege |
moasten opbokse tsjin Brother Dege (út Louisiana) op it bûtenpoadium
sneu foar de twa, nei trije nûmmers dochs nei bûten
en ik bleau hingjen bij in moaie lûd fan the Brother
bij de oansteklike Bluesgrassklanken fan Blues Grass Boogieman
yn it sellenkompleks
kaam de stimming der suver wat yn.
wat in gelok dat de organisaasje yn de gaten hie
dat de tribute oan Herman Brood
sûnder de oankundige Piter Wilkens,
pas begjinne mocht doe't de Boogieman út bluegraast wie
Wol, in moai en stevich ein dy Brood muzyk
en ta beslút
in moaie bijkomstichheid wie
dat it op tiid dien wie,
sa betiid sels dat ik in bus earder nei hûs koe.
Konkluuzje: goie muzyk, te min minsken en in minne programmearing
Doe't ik bij it station lâns rûn, galmde de pianoklanken yn de hal....moaie muzikale ôfsluting fan de jûn.
Hjir ûnder in
Klipke fan Dario Mars & the Guillotines, wat ik persoanlik it moaiste optreden fûn
Geen opmerkingen:
Een reactie posten