zaterdag 6 juni 2015

Gier

Ik fytste krekt oer de Littenserbuorren
de dei nei.....
want juster wie dit tydlik efkes
it middelpunt fan de ierde
foar fûgelspotters

in groep feale gieren (goed Frysk?)
wie it paad kwyt rekke
sa't men seit
want it bart mar in inkele kear
dat dy bisten hjir te sjen binne.

it paad kwyt en op de Littenserbuorren bedarje
dat is tusken Wommels en Waaksens
en letter wiene se bij Burchwert en Hichtum
dat hiene de feale gieren nea tinken kinne
doe't sij Spanje of Portugal ferlieten

ik haw de feale gieren net sjoen
nettsjinsteande de meldingen op twitter,
is dat in miste kâns
at je witte dat se der binne
en net de muoite nimme
om dy trije kilometer efkes te fytsen?

Nee hear,
it is dêr sûnder dy gieren ek prachtich
mei al dat oare fûgelguod
sa as kening fan de greide

en ik haw der gjin behoefte oan
om alles mei eigen eagen te sjen,

it moaie is foaral dat ik troch dizze meldinge
en mei help fan Wikepedia en Joetjoep
no alles wit fan feale gieren


Geen opmerkingen: