vrijdag 25 mei 2012

In kamping hjir en dêr

Op de freed foar de grutte moandei efkes op de fyts nei Boalsert.
In boadskipke fan neat, mar it jout it fytsen wol in doel ek al is it mar in ferfkwast.
Yn de oanrin nei dy grutte fytsmoandei sjogge en fiele je it oankommen.
It prachtige waar treaut de minsken nei Boalsert en omjouwing.
Nei ien fan de kampings op myn route nei Wommels.
Kamping Half Hichtum bij Boalsert, allinne hiel drok yn dit wykein

Kamping Fûgelfrij bij Hichtum, altyd drok en yn dit wykein aaifol

De kamping op Djiplân efter Burchwert begjint dit wykein ek al wer fol te rinnen


Sjoen boppe de kamping bij Hichtum in fûgel yn draakfoarm.
Neamd nei de kamping: Fûgelfrij



Op it lêste stik nei Wommels kaam ik noch meardere bepakte fytstouristen tsjin, wierskynlik ûnderweis nei ien fan de kampings. Dat binne de echten. Op fyts der hinne, de tocht fytse en op fyts werom.

Wat moai dat de berm bij de Boalserter trekfeart dizze wike koart meand is. It stie hast in meter heech mei al dat piipkrûd. Sa sjogge se mij mei de lisfyts ek wer oankommen.
Dy hege bermen, it wetter, wat letter op de jûn wie dizze wike net ideaal.
De gefolgen dêrfan sjoch en fiel ik op beide fuotten. Doe't ik der dizze wike op in jûn lânsfytste moast ik troch in swarte muorre fan miggen fytse.
Doe't dat úteinlik dien wie en ik bliid wie dat ik it oerlibbe hie, begong de illende. Tsientallen miggebulten soargje der foar dat ik wat ôf klau op it heden en dat myn skonken der net útsjogge.

Geen opmerkingen: