donderdag 24 mei 2012

Belgysk keatse


It moaie waar lûkt je nei bûten ta.
Tongersdeitejûn in slach troch it doarp
Dat levert altyd wol in praatsje op hjir of dêr.
Wij as praters koene jûn útsykje.
Nei it sportfjild bij it keatstrainen sjen (nee dus), op de Terp bij it kompetysjekeatsen sjen (nee dus) of op it keatsfjild bij it Belgysk keatsen. (ja,dus mar)
Sa neamden wij dat foarhinne.
It Belgysk keatsen wie net echt populêr yn Wommels. 
At wij as jonges ús nocht wat hiene fan it keatsen (dat wie doe ek al sa) dan gyngen wij wolris op syn Belgysk keatsen. 
 De reden wie meastal dat der mear as 6 keatsers wiene en om elkenien yn de selde partij meidwaan te litten wie dit de beste opsje. 
In grappich spultsje fûnen wij it doe.
It kaam net sa krekt mei it oantal fûnen wij.
Dat Belgysk keatsen krige mear oanhingers yn Wommels  doe't de gemeenten Hennaarderadiel en Baarderadiel weryndielden.
Yn Baarderadiel wie in Jeu de Pelote kultuer en troch gear te wurkjen yn federatyf ferbân ûnstie der nei ferrin fan jierren in kompetysje. 
Sa ek no: Wommels tsjin Wjelsryp.
It waard gjin slachtpartij, dat klinkt sa negatyf mar Wjelsryp wûn maklik.
Dat makke ús fierder neat út.
Wij hienen it efkes oer it fuotbal, oer SDS dus, oer Efkes Balje en oer terraskes.  
 Oh ja, der wie noch in partij oan de gong: Winsum tsjin Jorwert. Gjin idee hoe't dat einige is.

Geen opmerkingen: