maandag 25 juli 2022

De skries it bokje

De hikkepeal is foar de skries,

dat is al sa sûnt Waling Dijkstra de sin opnimt

"skries op de hikke"

yn syn ferske "wat bisto leaflik rizende simmermoarn"

Dy skries op dy hikkepeal dêr mei ik wol oer

Op Skrok binne skriezen en hikkepeallen

Hikkepeallen deun bij it fytspaad

Ik rin dêr sneintemoarn.

Gjin skries op de hikke

mar wol wat oars op de peal

In doaske bokjes




Gjin peal foar de skries

dy is it bokje


vrijdag 22 juli 2022

Opkreaze

 Yn 1960 wurd ik 6

Fan de beukerskoalle oan de dr Sipke Stapertstjritte

nei de Herfoarme skoalle oan de Hofkamp.

Se hawwe it spesjaal opkreaze foar mij

want it sil dochs gjin tafal wêze

dat it "sombere en trieste"gebou

der "verheugend" moai útsjocht.

Alteast dat stiet yn de Boalserter Krante fan febrewaris 1960


It wie mij yndie in genoegen 


donderdag 21 juli 2022

Tefolle berneboeken

 "Wolst lêze, helje mar in boekje"

dat sis ik meast tsjin Brecht fan twa.

9 fan de 10 kear komt se mei deselde twa boekjes.

Dy hellet se sels út in kastje


Woansdei is it moai waar

en wij sitte bûten

Brecht is mei fan alle dwaande

en se liket moai te boartsjen

At se nei hûs is, komme wij yn de keamer

It kastje is leech


alle boeken binne der út,

dat hat noch in hiele klus west

en ik haw net iens foarlêzen

Ofstappe

 


Yn fjouwert talen oanjûn

Neat mis mei

(sjoen yn Starum)


Stopljochten

Dat je dat noch meimeitsje meie,

stopljochten op Kramershoeke


It wie tydlik, je kinne no wer gewoan trochride

Adfertinsjes yn 1960

 Sneupe troch de Boalserter Kranten ( online fanôf oant 1961)

levert moaie adfertinsjes op.








Fryslân

 In alderaardichst ferske fan Hûnekop


zaterdag 16 juli 2022

Hotze

Tallships yn Harns, dat lûkt minsken.

Mei de jonges derhinne, op de fyts te fier

Dus de auto yn Kimswerd en mei de pendelbus fierder

Prima regele, net in tel wachte. 

Werom ek net.

Moai de boaten 

mar oare dingen meitsje mear yndruk.

Sa as it byld fan Hotze

en foaral syn want






Speltsjes

Speltjses, dy sparren wij froeger

yn de jierren 60.

Je krije se bij in protte produkten.

Fergees en sa kinne je in moaie samling oanlizze

Letter, at ik grut bin, smyt it se fuort

Wat moatte je der ek mei

Sa net Pyt Postma út Wommels

Hij hat se bewarre.

Se hingje no yn de bybliotheek yn Wommels

Moai dien Pyt,

ik helje efkes herinnerings op 

oan de VIVO en de A&O





donderdag 14 juli 2022

Gat yn de dyk

 Ik haw in gat yn de dyk melden bij de gemeente Súdwest Fryslân

Bin benijd wannear it oplost wurdt.

Der is wol immen dy't er sân ynsmiten hat

mar it flinke gat bliuwt





Bob

 Dy Bob Dylan, 

dy komt wer nei Nederlân foar twa konserten.

Syn lêste konsert yn Nederlân wie net om oan te hearen en oan te sjen

at ik de ferhalen op ynternet leauwe mei.

Hij en syn menutsjmint sil harren bêst wol dwaan

om it no fol te krijen.

Nee, dus


It betsjut dus 

dat je eigen tillefoan  dêr "ynseald" wurd

en dat je dy dan net brûke kinne.

Ek net as wekker

nei in sliepferwekkend konsert



woensdag 13 juli 2022

Wommels jannewaris 1960

De Boalserter Kranten oant 1961 binne digitalisearre. 

Sij binne te finen op de wepside fan De Tiid. 

Ik ha de moanne jannewaris 1960 efkes troch west 

om te sjen wat it nijs doe wie yn Wommels 

en wat der yn de krante kaam.

It is dúdlik dat er in stoarm west hat, 

dat de "Chr HIst. kiesvereniging" in jiergearkomst hie, 

dat der krekt in nije ULO hoofd kommen wie,  

dat de skaakklup yn Wommels Vomelius hjitte en ....

dat myn heit yn de útslagen stiet mei in tredde priis

en dat is no nijs foar mij








dinsdag 12 juli 2022

Heldenhelper

170 helden 

dy't swimme, fytse en hurdrinne,

dat is de Frysman triatlon,

dit wykein it evenemint yn Súdwest Fryslân.

170 heldenhelpers

dat binne de frijwilligers

dy't nedich binne om it mooglik te meitsjen

Broadsjes smarre, tassen fulle, tinten bouwe

dranghekken delsette, boeien lizze, flaggen ophingje,

kleden dellizze, fytsen kontroleare, startnûmers útjaan,

it winkeltsje beheare, ferkear regelje, 

fersoargingsposten befroue

foarride op motors, foarride op fytsen,

kanofarre, sjuereare, út wetter hellers

EHBO-ers en noch tal fan oare funksjes.

170 heldenhelpers

en dy lykje nei 7 jier suver in bytsje famylje.

Wat binne der in triatleten bij

dy't in jier meidogge

en de jierren dêr heldenhelper wurde,

mei wille

Ik seach sneon om mij hinne

en seach net nei de atleten 

mar nei de heldenhelpers

Dit binne de foto's

fan in grut oantal heldenhelpers




Flagje

 Flagje, ik haw der net safolle mei

De Fryske flagge bij ús bliuwt meast yn de meterkast stean

at it doarpsfeest, keningsdei of fiif maaie is.

Dy Fryske flagge ophingje

is soms noch wol in dinkje.

De pompeblêden moatte net op de kop.

Dat is in skande,

dêr kinne je foar op oansprutsen wurde.

Dêr haw ik wol mei 

dat der wat fan sein wurdt

at de flagge op de kop hinget.

Dat fyn ik in skande.

Dat dogge je net, seker net mei opsetsin.

Dat dogge je net, ek al binne je in boer

Dat dogge je net, ek al hawwe je in trekker as wapen





Bij de Frysman is de finisj op de flagge

donderdag 7 juli 2022

Keatse

 "Wol pake ek keatse", sa freget Jelske fan 10.

"Mei mij, hjir foar"

Dat kin ik net wegerje.

At se fuotbalje wolle, jeu de boule, tennisje

ik sis meast ja tsjin de bern.

Mar keatse, dat bin ik (noch) net wend.

Se kin it spul heal, of noch iets minder

mar wij dogge in partijtsje en ik lis it har út.

Se krijt der suver aardichheid oan.

Fansels wurdt it 5-5 en 6-6 

en net fansels, Jelske wint

Al dy platte ballen fan har krekt oer de line

ik kin der net bij.

Ik wit no wer, wêrom ik stoppe bin mei keatsen

dy bal fan de grûn pakke,

en dat hieltyd wer,

dat is neat foar mij.

Mar at Jelske wer wol

dan sil ik mij net fersette.


Klokkestoel yn Nes

 Fan Eagmaryp nei Nes bij Akkrum is mar in eintsje 

at je mei it pontsje (nije skou) gean tusken Stobbegat en Akkrum. 

Flakbij Akkrum leit Nes en dat doarpke hat twa hichtepunten: 

de wettertoer en de klokkestoel. 

In klokkestoel op in plak mei skiednis. 

In grut tsjerkhôf mei wer in oantal bijsûndere fertuteaze "grêfstiennen". 

Der lizze ek wat Hofstra's, sil sjen at dy ek yn ús stambeam passe.




















woensdag 6 juli 2022

Klokkestoel yn Eagmaryp

 De 23ste klokkestoel stiet yn Eagmaryp

mei in prachtige stekpeal.

Fanôf Sniksweach twa kilometer fierder