Ik haw lekker fytst tiisdeitemoarn
Betiid fan hûs op wei nei Friens en Flânsum
Kofjetiid wer thús
Yn de brievenbus leit in stripboekje
Ik haw lekker fytst tiisdeitemoarn
Betiid fan hûs op wei nei Friens en Flânsum
Kofjetiid wer thús
Yn de brievenbus leit in stripboekje
Woansdeitemoarn de helpdesk bemand
yn de byb
De belangstelling wie minimaal
Middeis de boarterstún hast ûnkrûdfrij makke
Hoe is it mooglik?
Woansdeitejûn goed 22.00 oere
ûntploffe der trije stadions
Dat fan FC Groningen, omdat se gelyk spylje
Dat fan PSV, omdat se no gewoan kampioen wurde kinne
Dat fan Feyenoord, puntferlies fan Ajax levert altyd wille op
en no ek noch de ferminderde kânsen op it kampioenskip.
Sûnt 2003 lid fan Vrienden op de Fiets
Totaal no 114 adressen hân foar in nachtje sliepe mei moarnsbrochje.
Frijwol alles yn Nederlân,
mar sûnt dizze fakânsje ek twa yn Belgie der bij.
Wij hawwe ek al twa yn Dútslân hân.
Sneintejûn sjoch ik it berjocht dat de Haringvlietbrêge
fan middeis 14 oan jûns 19.00 oere ticht is fanwege in steuring.
Krekt in wike lyn,
op sneontemiddei fytse wij oer dy brêge.
Middeis in oere as 14.15.
Dat hie wat west,
oan de oare kant fan de brêge, 15 km fierderop
leit ús sliepersadres.
Dêr haw je gjin alternatyf.....
Het Vuile Gat is de bijnamme
Dy namme docht it ear oan.
Nei 14 dagen fakânsje
(10 dagen fytse en 2 dagen bekomme)
is it wer tiid foar in muzykje
Nei Neushoorn yn Ljouwert
Wat in jûn.
Molstone klinkt as Deep Purple
en dat stiet mij tige oan.
(Klaas Hingst docht it slachreau)
The Ayreon Project is in muzykfeest fan komsa
mei wit ik hoefolle muzikanten
en wit ik hoefolle instruminten
en wit ik hoefolle ferskillende muzyksjenres.
Machtige jûn.
Dat nim ik dan wer moai mei
at ik in rûntsje Nederlân doch.
12 gemeenten der bij,
foaral yn Brabân, Seelân en Súd Hollân.
Ik sit no op 79 %.
Mei sa'n grinsrûte kom je ek regelmjittich yn Belgie.
Dat is te sjen.
Ik sit dêr op 5 %
Ik haw it idee dat de weryndieling yn Belgie noch begjinne moat
Nei de Berkwertertunnel stie okkerlêsten dit ferkearsboerd.
Dat is raar, tocht ik.
Alle diken sûnder fytspaad binne 60 kilometer yn ús gemeente.
Ik skriuw op 17 spril in mailtsje nei de gemeente
dat dit net goed is.
Op 6 april krij ik antwurd
Geachte meneer Hofstra,
Wij hebben naar de situatie gekeken en wij geven u hierin gelijk.
Dit betekend dat het bord van 'einde zone 60' weg gaat en er een bord 'zone 60' voor terugkomt.
Bedankt voor uw oplettendheid!
Met vriendelijke groet,
Team Verkeer
Op 8 maaie fyts ik der wer lâns
Nee, it is net sa raar
dat je yn in fierstentegrutte gemeente wenje.
It soe samar wêze kinne
(nee, it is wis)
dat wij de kommende dagen de reade line fytse
It is de grins fan Belgie mei Nederlân
en dat bochtet aardich faak oer de grins
Maondei sette wij ôf bij Eysden
en dat leit ûnder Maastricht
Ferline jier like Aaipop der in ein oan te meitsjen.
It wie úteinlik in 1 april grap
Dit jier like it of wie it net as in grap sjoen
Twa grutte tinten en in harkerseal
se wiene meast leech.
In "bytsje" minsken, in bytsje sfear
Twa kear nimt it meast hiele jonge folk
wol de muoite mei syn allen nei de muzyk te gean yn de tinte.
Bij De Doelleazen en The Bounty Hunters
Foar in muzykleafhawwer lykas mij
is der gelokkich noch wol oars en wat moais te sjen
In geweldich optreden fan Fegebart.
Hearlike sound mei in krêftich sjongen.
In band mei útstrieling
Janjakobus Seunnenga yn de Harkersseal
mei syn bijsûndere teksten en presintaasje
Lieten oer froulju en de dea,
sels syn eigen dea besong er mei gefoel
Foar de dea koene wij ek telâne
bij de metal fan Stoflik Omskot
Prima optreden, mar dat sjênre past mij wol.
It slagge De Greideroaskes ek net
om de lju yn de tinte te krijen
nettsjinsteande de enerzgy
dy't foaral sjonger Hille der ynstuts.
Ik sjoch ek bij fan Batsum, Sletten en Skraal.
It ferrast net.
Ferrast wurd ik wol troch Something Else,
In lekkere sound mei de karakteristike stim fan Else van der Grift.
No mar hoopje dat de skea net te grut is
en dat er fertrouen is yn de takomst.
want it foar mij is al sa'n 25 jier
in moai ritsje op peaskemoandei
Woansdeitejûn 16 april fierde Wommels
80 jier befrijing.
Oerdei in protte Wommelser flaggen oan de muorre
en jûns in rintocht lâns oarlochslokaasjes
Der binne yn Wommels gjin oantinkens
en dat komt omdat er "net safolle bard is" yn dy 5 jier.
De rintocht begjint yn it Dielshûs
en bij it Reade Hynder wurde bij steande holden troch Pyt
ferklaaid en pratend as in Dútser
Er sagt dass dy Deutsers ein goed plak hatten yn it kafe
mit snapkes en bratworsten
is war da better wie auf dy Hofkamp
![]() |
| Pyt siet alhiel yn syn rol....prachtich! |
![]() |
| Dit wie yn myn skoaljongestiid it gymlokaal |
![]() |
| Dit wie myn herfoarme skoalle dy't dêr bij stie. Ik haw dêr 6 jier opsitten mei genoegen |
In prima jûn mei nijsgjirrige ferhalen en prima regele
Dat er miskien wol 200 minsken de route rûn hawwe seit genôch.
MIddeis hawwe de bern fan de herere groepen dat ek al dien.
Hulde, organisaasje.
Verbazing wie der bij mij en wat oaren
dat er twa kear sein is dat Wommels bekend stie om syn NSB-ers
" Der wiene hjir in soad NSB-ers", waard der sein
Wêr't dy stellige útspraak weikomt, begryp ik net.
Dêr bin ik wol nijsgjirrich nei.
It is úteinlik sa dat der in hiele minne dokumintaasje is fan de NSB-ers
Op ynternet wurdt oeral oanjûn
dat der gjin komplete betroubere oersichten binne
Ik fal oer de sin,
"dan troosten wij ons graag met iets zachts, dat ook een beetje krokant is".
Ik wist net dat dat sa wie.
Luchthappers neame wij dy dingen
![]() |
| Foar wat tulpen besjen hoege jim nei de Keukenhof of Noard Hollân Tusken Sint Jabik en Minnertsgea sjogge jim dit |
![]() |
| De Groate kerk yn Sint Jabik, it is bijsûnder gebou |
![]() |
| Binnen en bûtendyks, it is keale flakte op dit momint útsein wêr't wij tulpkes bloeie |
![]() |
| Bûtendyks fytse dat moat kinne sizze se. Se sizze wol mear. It stek op slot |
![]() |
| Oosthoek en Westhoek, twa hast ferjitten "doarpsnammen" |
![]() |
| Sprek dit mar ris op syn Bildtsk út. Sjoen yn Sint Anne |
![]() |
| Yn in protte doarpen yn de Bildthoek herinneringen oan it spoar. Dit is yn Sint Jabik |
Ik haw de Fryske spreukekalinder
Dy is ûnderwilens út de hannel helle
fawege grutte ^ynsin en min Frysk
ik haw him noch yn it húske lizzen
en mei mij dêr alle dagen in heale minút argewaasje ha
Yn op 'e Skille stiet dizze wiisheit mei in oersetting
Ik wit net, mar neffens mij klopt dit net
De tredde man bringt it praat om
is hiel wat oars.
At twa minsken in goed petear ha
en der komt in tredde bij stean
dan is it praat oer dat ûnderwerp oer
en giet it faak in oare kant út.
Op in dei fyts ik op de Alddyk
Dy rint fan de Wynserdyk nei de van Sminealeane
Dêr leit sûnt in pear jier in prima betonpaad.
Der stiet in wyt buordtsje mei de tekst
"nei 400 meter rin en ruterpaad"
In gewoan wyt buordsje.
Yn de fierte rint in hûn mei in frou oan it tou
At dy hûn mij oankommen sjocht,
lit er it tou mei de frou los.
"Dit is net foar fytsers",
byt dy frou mij ta
wylst de hûn in poging docht
mei te riden tusken myn speaken.
Ik sis neat en de hûn siket it hazzepaad.
Ik haw troch de jierren wol leard
om net te reagearjen op dom praat
Thús sjoch ik de status noch efkes nei
fan sa'n wyt boerd mei tekst.
Gjin status
Hjoed fyts ik der wer lâns en wat sjoch ik
Us fierstentegrutte gemeente hat goed wurk dien
Hiel goed.
Ik hoopje dy hûn mei dy frou oan tou
dêr wer tsjin te kommen
Ik hoop ek dat de frou dan wol oan it tou sit
(want dat jout it plaatsje dúdlik oan)
oars moat ik har in ferstannige rie jaan
Hawwe se dy Sicko fan Jellum krekt begroeven
mei in soad bombary mei op é Skille as parse
en dan binne wij der noch altyd net.
Wer in hiele nutteleaze side yn Op é Skille
Mei wat pech is der nije wike wer wat.
Grave se him op?
omdat hij op de ferkearde side leit
of de ferkearde pyama oan hat
Ik bin benijd
Op freed haw ik ek al efter de muzyk oan west
Neushoorn hat wer it Fenixfestal
en dat is mij ferline jier poerbêst befallen.
Om 19.30 stean ik al bij de earste band te sjen
![]() | ||
| Bad Luck Baby, in moaie sound en in prima sjongster Ik wol myn favoritesjenre fansels net misse dus op tiid nei de metal fan
|
It is sneontejûn
It is hast tsjuster
Echt tsjuster sil it net wurde
De moanne is fol
Ik fyts nei Itens
Fytsljochten komme mij temjitte
lampeljochten en de moanne,
dêr kom ik op ta.
Nei Muzykkafe Itens
Harkje nei Bad moon Rising
ien fan wit ik hoefolle hits fan Creedence.
Op nei tributeband Callahan Clearwater Revival
Wat in feest is it wurden
Jong en âld sjongt en dûnset
as wie it de jierren sântich.
In machtige jûn mei dizze band
dy't oanfielt wat men moai fynt hjir
De 4 mannen yn houthakkersblûske
komme graach wer.
Oan belangstelling silt it dan net lizze tink ik,
Dizze 170 komme wer en
oaren sille waarm makke wurde troch entûsjaste ferhalen.
Yn de Lc fan hjoed stiet in foto
fan de leechhingjende bewolking oftewol dize.
De foto wie aardich mar koe net op
tsjin myn eigen waarnimming.
Ik sjoch mij tiisdeitemoarn de eagen út
op de Slachte efter Kûbaard
Wat kin fuotbal soms moai wêze
Sels yn de 4de klasse fan it sneinsfuotbal
Snein nei Littens, want dy moasten tsjin Blauhûs
Littens aardich fan boppen en Blauhûs stridend tsjin degradaasje.
Gjin taktysk gedoch, gewoan fuotbalje
om doelpunten te meitsjen.
Ferrassend skoareferrin
want Blauhûs komt foar en bliuwt foar.
Skitterjende doelpunten
Tidens de wedstriid yn selskip fan Lyckle Bleekveld
en dan haw je sosjaal sjoen in moaie middei.
En hij sjocht hiel oars nei it fuotbal
en hie gelyk yn de gaten dat er bij beide teams
en seker bij Littens gjin organisaasje wie.
Dan krije je sokke wedstriden.
Yn it skoft krige ik de 'earste helt analyse' fan
Okke van der Kamp ek in trainer.
Einstân 4-5
Nei ôfrin piza en bier en in protte folk
Myn dei wie al slagge
en doe moast Manchester U noch begjinne tsjin Manchester C
.....en dat helle it net bij wat earder dy middei sjoen ha.
De lêste jierren (!) wurde wij hiel goed bijpraten
oer Sicko van Dekema út Jellum
yn ús pleatselike twa wyklikse krante op 'e Skille.
Man, man wat in ferhalen alle kearen
en dêr bin ik hielendal klear mei.
Ik bin benijd wa't bûten Jellum en Bears soks allegear noch lêst.
Hawar, it djiptepunt hawwe wij no wol hân
hoopje ik dan mar:
de begraffenis fan "jonker Sikke"
dy't al ieuwen dea is.
De boargemaster fan Ljouwert hat it sa te sjen net drok
Hij bestege syn kostbere tiid oan dizze flauekul
Of moatte wij dy kant ek út yn Wommels
Dr Sipcke Stapert
wannear sille wij dêr in happening fan meitsje?
Wat te tinken fan de Freule of Sybren de Vlas
of binne dy noch te koart dea.
Bij polder de Waal en den Burg
de striid tusken see en wetter
Wat in prachtich natoergebiet is dat.
In rûntsje der omhinne fan sa'n 15 kilometer
oer prachtige fytspaden
Wa wol op Tessel west hat
en net allinne oandacht hie foar den Burg en de Koog
is fêst wolris troch den Hoorn fytst
Dit is in pronkje fan in tsjerke fyn ik
yn it iepen lânskip raast dy om oandacht