Op in dei fyts ik op de Alddyk
Dy rint fan de Wynserdyk nei de van Sminealeane
Dêr leit sûnt in pear jier in prima betonpaad.
Der stiet in wyt buordtsje mei de tekst
"nei 400 meter rin en ruterpaad"
In gewoan wyt buordsje.
Yn de fierte rint in hûn mei in frou oan it tou
At dy hûn mij oankommen sjocht,
lit er it tou mei de frou los.
"Dit is net foar fytsers",
byt dy frou mij ta
wylst de hûn in poging docht
mei te riden tusken myn speaken.
Ik sis neat en de hûn siket it hazzepaad.
Ik haw troch de jierren wol leard
om net te reagearjen op dom praat
Thús sjoch ik de status noch efkes nei
fan sa'n wyt boerd mei tekst.
Gjin status
Hjoed fyts ik der wer lâns en wat sjoch ik
Us fierstentegrutte gemeente hat goed wurk dien
Hiel goed.
Ik hoopje dy hûn mei dy frou oan tou
dêr wer tsjin te kommen
Ik hoop ek dat de frou dan wol oan it tou sit
(want dat jout it plaatsje dúdlik oan)
oars moat ik har in ferstannige rie jaan
Geen opmerkingen:
Een reactie posten