zondag 13 april 2025

Good moon - goeie moanne

It is sneontejûn 

It is hast tsjuster

Echt tsjuster sil it net wurde

De moanne is fol


Ik fyts nei Itens

Fytsljochten komme mij temjitte

lampeljochten en de moanne,

dêr kom ik op ta.

Nei Muzykkafe Itens

Harkje nei Bad moon Rising

ien fan wit ik hoefolle hits fan Creedence.

Op nei tributeband Callahan Clearwater Revival

Wat in feest is it wurden

Jong en âld sjongt en dûnset 

as wie it de jierren sântich.

In machtige jûn mei dizze band

dy't oanfielt wat men moai fynt hjir

De 4 mannen yn houthakkersblûske

komme graach wer.

Oan belangstelling silt it dan net lizze tink ik,

Dizze 170 komme wer en 

oaren sille waarm makke wurde troch entûsjaste ferhalen.







Geen opmerkingen: