Op freed haw ik ek al efter de muzyk oan west
Neushoorn hat wer it Fenixfestal
en dat is mij ferline jier poerbêst befallen.
Om 19.30 stean ik al bij de earste band te sjen
![]() | ||
Bad Luck Baby, in moaie sound en in prima sjongster Ik wol myn favoritesjenre fansels net misse dus op tiid nei de metal fan
|
Dat foel mij net mei,
om net te sizzen dat foel mij tsjin
Dan mar enerzjy helje bij in podium fol muzikanten
en Thomas Azier as fokalist
De grutte seal is grotfol en ik sykje boppe in plakje
hingjet op de reling
yn de ferwachting dat ik dit net útsjoch.
want ik bin allergysk foar toetermuzyk.
Mar it is yndrukwekkend wat ik sjoch.
Azier, dy't ik fierder net echt kin, ferrast mij.
It Noordpool orkest ferfeelt mij net
Dan is it noch mar 21.00 oere
en meitsje ik mij op foar punk
Graaflandgraaf yn de Arena
Wat in hearlik, hearlik optreden
Dat is 40 minuten echt genietsje
Bildtstar is mij bekend genôch
mei Ruben Mulder op toetsen
makket it ferrassend oars as oars
It fjoer dat de boel opljochtet
docht it noch altyd prima
Ik sjoch it net út
want Alexander Moto is mij ûnbekend
en dêr kom ik ek foar: Unbekende arysten
Rap is net myn sjenre,
mar ik fyn it wol bijsûnder moai om te sjen
Mayte mei band lûkt in fol kafee.
De stevige nûmers komme prima oer
bij de yntimere nûmers hawwe de praters it foar it sizzen helaas.
It is kertier oer alven
Der komt noch hiel wat jongfolk binnen
foar harren sjenre oant 2 oere ta
ik gean nei de bus
In moaie jûn sit der wer op
Geen opmerkingen:
Een reactie posten