Woansdeitejûn 16 april fierde Wommels
80 jier befrijing.
Oerdei in protte Wommelser flaggen oan de muorre
en jûns in rintocht lâns oarlochslokaasjes
Der binne yn Wommels gjin oantinkens
en dat komt omdat er "net safolle bard is" yn dy 5 jier.
De rintocht begjint yn it Dielshûs
en bij it Reade Hynder wurde bij steande holden troch Pyt
ferklaaid en pratend as in Dútser
Er sagt dass dy Deutsers ein goed plak hatten yn it kafe
mit snapkes en bratworsten
is war da better wie auf dy Hofkamp
![]() |
Pyt siet alhiel yn syn rol....prachtich! |
wêr't se earst sliepplak hiene
![]() |
Dit wie yn myn skoaljongestiid it gymlokaal |
![]() |
Dit wie myn herfoarme skoalle dy't dêr bij stie. Ik haw dêr 6 jier opsitten mei genoegen |
Wij rûnen lâns it tsiispakhûs
In prima jûn mei nijsgjirrige ferhalen en prima regele
Dat er miskien wol 200 minsken de route rûn hawwe seit genôch.
MIddeis hawwe de bern fan de herere groepen dat ek al dien.
Hulde, organisaasje.
Verbazing wie der bij mij en wat oaren
dat er twa kear sein is dat Wommels bekend stie om syn NSB-ers
" Der wiene hjir in soad NSB-ers", waard der sein
Wêr't dy stellige útspraak weikomt, begryp ik net.
Dêr bin ik wol nijsgjirrich nei.
It is úteinlik sa dat der in hiele minne dokumintaasje is fan de NSB-ers
Op ynternet wurdt oeral oanjûn
dat der gjin komplete betroubere oersichten binne
Geen opmerkingen:
Een reactie posten