donderdag 13 april 2023

Traaljewurk

 Ik bin frijwilliger bij Tresoar.

wurkje mei oan digitaliseringstrajekten.

Dat doch ik thús efter de kompjoeter

Tongersdei is it nijste projekt lansearre.

Traaljewurk

Eeuwenlang bevolkten veel kostgangers de diverse Friese gevangenissen. Je vindt de namen en bijbehorende informatie van verdachten en veroordeelden terug in de inschrijfregisters van de betreffende gevangenis. Deze registers uit het zogeheten Gevangeniswezen zijn vanaf 1797 bewaard gebleven in ons archief. Help jij mee om deze gegevens hier uit te halen en zo voor iedereen toegankelijk te maken? Wellicht kom je nog een voorouder tegen…

Dat lêste bin ik net nei op syk, mar wat wit.

Wij  as frijwilligers ferwurkje de gegevens 

dy't op de skans steane yn in database

At alles klear is (40.000 skans) 

- dat kin wol in jier duorje -

dan wurdt it online setten op Alle Friezen .nl

en kinne jim op namme fine wa't sitten hat

en wêr, en hoe lang en miskien ek wol wêrom

Foar it begjin fan dit projekt binne wij útnoege bij Tresoar.

In prachtige lêzing fan Wim en Hans Anker

brocht ús yn de stimming fan "geboefte".

Prachtige droege humor oer betiden earnstige saken.

It is topfermaak.

Fan de firma Picturae dy't al dy skannerij docht

is ek in fertsjintwurdiger oanwêzich.

Ek hij hat in moai ferhaal 

oer in ienmansbedriuw dat no 120 man yn tsjinst hat

en oer de hiele wrâld dwaande is.

Se digitaliseare sels in miljoen insekten 

Ta beslút de útlis oer hoe't wij as frijwilligers Traaljewurk oanpakke moatte.

Fan it twitteraakkount fan Tresoar haw ik dizze foto plukt

dy't fannemiddei makke hat

en wêr't ik wat ferskûle efter oare grize koppen sit

Wim Anker fol fjoer oer syn eardere wurk as abbekaat

dinsdag 11 april 2023

Aaipop 2023

Aaipop 2023 is der ien fan de hurde wyn  hinnereis 

en lekker foar de wyn werom. 

Dêr tusken yn sjoch ik noch krekt pakesizzer Brecht,

dy't fol fleur bij Sipke de Boer wei komt 

Brecht

Brecht en Ella

dyt noch efkes in slach troch de Tongertinte docht. 

Sij en nicht Ella hawwe de pop mar mei hjoed.

Ik haw it programma wol aardich yn de holle 

en sil myn hurde kant en sêfte kant hjoed benutte.

Ik begjin mei Stoflik Omskot. 

Dat is hurd. 

Fryske metal en dat klinkt prima 

en jout sfear mei al dat folk yn swarte klean om mij hinne. 

Mei Tiidmasjine yn de oare tinte 

krij ik in lekker stikje rock te hearen. 

Nije Fryske teksten en in moaie set.  

It nûmer "de Tocht" is mij foaral bijbleaun

Bij de band Sletten kin ik lekker meistampe 

sa't ik dat ek dwaan soe bij Status Quo. 

It hichtepunt wurdt dochs wol it optreden fan Tigers fan Greonterp. 

Lekker opswypkjende en spannende rock.  

Bij Jarretank haw ik noch krekt in healoerke nocht 

om stampende minsken om mij hinne te sjen. 

Sels bin ik útstampt 

en oan de hân fan myn sêfte kant 

sjoch ik in oerke bij Adri de Boer en freonen.  

Moaie stim, moaie lieten, moai Frysk. 

Ik haat akkordeons mar bliuw wol sitten.

Folk/Metalband Baldrs Draumar besykje ik healwei de tinte te folgen. 

Ik mis jankende gitaren 

en om it moai te finen moat ik echt foaroan stean 

tusken al dy meisjongende fans.

It slotakkoard is foar Grytz en Grize as band. 

Hearlike set yn de Harksangseal 

mei dy prachtige oersette lieten fan Boudewijn de Groot. 

Myn sêfte kant fynt it prachtich

De rappers (je kinne net alles moai fine), 

de Masters (it slotfeest is foar de feestfierders),

de Doelleazen ( fêste gasten op Aaipop, kin ik best in kear oeslaan)

en de troebadours ( dy sêfte kant leit thús)

haw ik dit jier mar oerslein.

In moaie Aaipop dit jier








Hallo Elkien

At ik de kranten en tillefysje leauwe moate

en wêrom sil ik dat net dwaan,

is der in grut ferlet oan huzen foar wenningsikers.

De krantekoppen dêroer raze ús betiden ta.

Bij ús op de buert stean wat hierwenningen.

Je soene hast sizze at er ien leech komt

dat de nije bewenners bij wze fan sprekken 

al klear stean op de dei fan ferhuzing.

Meast moat er lykwols noch wat opkreaze wurde

en kin it wolris in moanne letter wurde.

Per septimber 2022 komt der in wenning frij op Swingoerd.

It is no april 2023,

noch altiten wennet der nimmen.

Sa no en dan sjoch ik in buske fan in bedriuw.

De iene dei bringe se der guod

de folgende wike sjogge se at it der noch stiet

en wer in moanne letter dogge se in hantaast.

Mar opsjitte, nee dat net.

Unbegryplik dat dit soarte wurk gjin foarrang krijt.





zondag 9 april 2023

Hallo broekophâlder

 In slach troch de wâlden mei as hichtepunt Eastermar. 

Dêr stiet in moaie doarpstafel yn de foarm fan in swurd fan in skip. 

Dam Jaarsma, in Fryske dichter/skriuwer( is hjir berne) wurdt dêr betocht 

mar ek in stik as wat stuollen om de tafel hinne, 

hawwe opmerklik "reservearre" plakjes foar bekende Eastermarders 

dy't oars neamd wurde dan se as namme hiene.





De skelnamme foar in Eastermarder is in broekophâlder.



Harekieten binne bang foar noch God noch gebot. In keunstwurk mei 4 stuollen jouwe dit oan. 



Wol opmerklik dat in soad lju dêr mei in herdershûnen rinne hjoed. Miskien hawwe se temûk ek wol in herder yn de bûse omdat se dochs in bytsje bang binne.

Krekt foar Stiensgea in waarm wolkom troch Augustinus.



Gerkeskleaster-Striebos wie it fierste punt hjoed.

Nei 67 kilometer werom yn Garyp





Hallo Venray

Hallo Venray, 

it klinkt net as in band, 

mar dat is it wol.

Haagse jonges mei in hearlike sound

Sneon wiene se yn Neushoorn

en de leafhawwers, wêrûnder twa Hofstra's út Wommels,

hawwe wer in prachtige jûn hân.


Se hiene juster de maskers net op

vrijdag 7 april 2023

In tik

It is noch altyd net echt lange fytstochtenwaar.

Dus sykje ik de útdaging mar wat tichter bij

oan de hân fan Wandrer.

Safolle mooglik diken en fytspaden yn Fryslân fytse.

Ik sit no op 21,51 % fan alle diken.

Hjoed fytse ik de diken fan Waaksens nei 90%.

Dêrfoar moast ik in dearinnende betonpaad op nei ien pleats,

dus net hielendal dearinnend

Krekt foar de pleats kom ik in auto tsjin.

De frou stoppet.

"Wêr sille jo jinne, dit rint dea".

"ik wit it" en lis yn grutte linen út wêrom ik hjir fyts

Sij fynt it nijsgjirrich en seit:

"sa hat elkenine syn tik"

"Ik gean net hielendal oan de pleats ta"sis ik.

"it risiko op in hûn is mij te grut"

"Der is in hûn, in sleauwe lobbis, dy docht neat"

sei se útnoegjend.

Dat haw ik faker heard

en sa kear ik moai op tiid om



In slach troch Boalsert omdat ik dêr dochs hinne moat.

Boalsert hat 86,7 kilometer

en 57 kilometer haw ik no hân

en dat is 65,8 %.

Mei 75% bin ik tefreden




Wommels hat 35,9 kilometers

Ik sit no op 90,7 %,

folle mear sil it wol net wurde

want dy rede stikjes dy't ik noch moat

binne meast gjin dyk neffens mij





dinsdag 4 april 2023

Nele


 

Ik bin bij de âldste pakesizzer.

Dy is 11 jier.

Dat is in lêzer.

Dat fyn ik moai want dat bin ik ek.

Sjoch dizze boeken haw ik helle, seit se.

"Nele Neuhaus" seit se en sjoch ik.

It giet oer hynders en amazones.

Ik bin thús en dêr leit op myn lêstafel it boek

wêr't ik mei dwaande bin.

"Nele Neuhaus"

Dy skriuwt dus ek trillers.......



vrijdag 31 maart 2023

De sûnde

Myn earste Fryske boek dat ik lêzen haw

en moai fyn

is de sûnde fan Haitze Holwerda

Ferbazing dat it sa gie froeger

en de striid tusken boer en arbeider

Ik haw it boek letter nochris lêzen 

dat doch ik feitlik nea.

Begjin juny lokaasjeteater yn Boksum en Blessum

Mei Tjerk Kooistra as regisseur

wit ik no al dat it moai wurdt.





woensdag 29 maart 2023

Op 'e Jouwer (2)

Neist it tsjerkhôf op 'e Jouwer

binne der wol mear nijsgjirrige dingen 

sa ûnderweis


in moaie strjittekening
wierskynlik oanbean troch   in AH

in moai gebou, de Orangerie,
dêr haw ik Reboelje ek alris sjoen


In de Vrijloop 
is in 'Vereniging voor Vrijetijdsbesteding'
Sjoch hjir wat dat betsjut 
Ik fyn it in prachtige namme

Ik freegje mij ôf wat it is,
mar omdat de sporthal der neist stiet
tinkt Jellie fan in gymnaste
Ik kin mij dêr wol yn fine

'Laat je brief wassen'
Ik hie der noch nea fan heard
It hinget bij de biblioteek


dinsdag 28 maart 2023

de Jouwer

 Sneintemiddei dogge wij in slach troch de Jouwer

Uteinlik bedraje wij op it tsjerkhôf

Mei de Qr koade kinne wij maklik in grêf fine op namme

yn de gemeente Fryske marren

Sjoch dizze link

Net alle gemeenten hawwe soks.

Leeuwarden wol, Súdwest Fryslân net.

Sjoch hjir hokker gemeente yn Nederlân mei docht

Op dit tsjerkhôf lizze sa'n 36 Holtroppen, 


wêrûnder de heit en mem fan Jellie


der leit in aaisiker


in keatser


in redenssliper (âld Wommelser)



it âlde diel fan it tsjerkhôf


mei tal fan ûnlêsbere stiennen


ûnlêsber, mar hjir leit ek in Holtrop




Treinen yn Fryslân

 

 

Jelte Liemburg is in Fries om utens.

Hij is dwaande mei in prachtige sels opleine opdracht.

Hij besiket alle 500 musea yn Nederlân.

Dat is op twitter te folgen

en fan alle musea makket hij 4 foto's en dy set hij op twitter

Ik beleef de musea hielendal mei

omdat hij der ek in eigen weardeoardiel oer jout

mei stjerren en al.

Hij reizget mei de trein of bus

en sa beseach hij it iepenbier ferfier yn Fryslân.

Hij konstatearde dat it goed west hat mei de treinen.

In prachtich kaartsje sa't de treinen earder riden.

Sjoch Arum,  sjoch Berltsum, sjoch Ferwert, sjoch de Jouwer.

De Sik tusken Boalsert en Snits kin ik mij noch herinnerje.

vrijdag 24 maart 2023

Ferstoppe

Frysk ferstean

dat dogge dy slimme apparaten fan Google net altyd goed.

At ik moarns goeiemoarn Google sis,

(ja dat doch ik echt!)

dan krij ik it waar te hearen,

wat er yn myn agenda stiet

en dêrnei giet Radio 1 oan.

Neat mis mei,

Google set noch krekt gjin tee

Mar at ik myn "te dwaan list" fulle wol mei

"it wetter sit ferstoppe der moat polke en jittik yn"

dan krij ik in hiele moaie sin op papier


"het Werder zit Verstappen de maat polken en Jette kind"

donderdag 23 maart 2023

Fergaderboeren

 


De boeken fan Hylke Speerstra

dy lês ik altyd mei nocht.

Alle kearen ferbaas ik mij wer 

oer dy bylzjende sinnen dy't hij komponearret

Moaie sinnen, moaie wurden 

en hertferskuorrende ferhalen

Ik geniet op dit momint mei folle teugen

fan Testamint fan de siel

Dêryn giet it oer in sike mem

en in jonge soan dy't him mar rêde moat op de pleats

want heit is in fergaderboer





dinsdag 21 maart 2023

Bûten de pyste

 


Wer ien 

Wer ien dea

Wer ien bûten de pyste

Hâldt dat no nea op?

Hoefolle deaden moatte der noch falle

foardat elkenien ynsjocht 

dat it bûten de pyste libbensgefaarlik is.

Kinne dy "twee anderen" útlizze wat se dêr diene?


maandag 20 maart 2023

Buffoons



Op 6 septimber 1969 spilen the Buffoons yn it Dielshûs yn Wommels. Dat kom ik tsjin yn myn ”bands yn Wommels” argyf. Dat makket mij nijsgjirrich want ik kin mij dêr efkes neat bij foarstelle as rocker. Harmonieus sjonge dat dogge the Buffoons en it liket mij in straf om dêr in jûn bij te wêzen. Ik gean op syk nei immen dy’t der doe bij west hat. 

Eeltje Sixma wenne doe yn Wommels en is dan 18 jier. Hij kin der wol iets oer fertelle.  Ek yn dy jierren dêrfoar binne der in protte dûnsjûnen yn it Dielshûs. Dûnsorkesten as Beat Boys, The Fabulous Five en René and his Alligators binne wat fan dy nammen. 

Jan P. Heeringa organisearre de jûnen en hij hat it jongfolk al jierren oan it dûnsjen krigen mei syn dûnslessen yn it Dielshûs. Wat is der dan moaier as sa no en dan ek in leuke dûnsband op sneontejûn nei Wommels te heljen. 

De  doarren gean om healwei achten iepen en om alve oere is it dien. 12 oere is de seal leech en de oare deis kin de jeugd (noch wat sloech miskien) gewoan moarns nei tsjerke.

Eeltje kin the Buffoons noch wol herinnerje want hij mocht dat lûd wol lije. Jierren letter hat hij se yn Snits ek noch in kear sjoen. Yn dy tiid gong it sko-dûnsjen wat oer nei it “frij beweech dûnsjen”.

Bij the Buffoons sil dat frij bewegen net oan de oarder west hawwe.

Der is meast in protte belangstelling en je moatte der betiid bij wêze oars is it fol. It is meast jongfolk wat er op ôfkomt, âlde rockers binne der dan noch net.

Op myn syktocht nei noch in besiker meldt Gerlof Ykema fan Frjentsjer (ek in âld Wommelser) him. Hij jout oan dat the Buffoons ek op 20 maart 1971 yn it Dielshûs binne. 

The Buffoons binne dan al oer harren hichtepunt hinne en ek yn it Dielshûs feroarje de dânsjûnen yn popjûnen. Left Side , I Punti Cardinale, Bintangs en de âlde BZN soargje der foar dat er allinne mar frij dûnse wurdt.

Dat Gerlof noch wit dat hij der bij is op 20 maart 1971 komt omdat hij ûnder de yndruk is fan de muzyk fan the Buffoons mar dat hij allinne mar each hat foar in blond famke fan 17 jier út Wurdum. Dûnsje is der net bij, wol tútsje. Mei de auto fan heit hat er har jûns noch thúsbrocht ek al is it mistich.

De oare dei gelyk op jierdei bij skoanmem, want dêr gyng it nei ta. Gerlof en Geeske, se wurde in stel se hawwe net wer bij elkoar wei west. 

It is hjoed 20 maart en dan is it op de dei ôf 52 jier lyn dat se ferkearing krigen bij in optreden fan the Buffoons yn it Dielshûs yn Wommels. 

Dat fiere wij hjoed mei in in klipke foar Geeske en litte de Buffoons  “Mij girl Geeske” sjonge. Gelokkich duorret it mar 2:17, dat moat ik oerlibje.





Sssttt

 


donderdag 16 maart 2023

Spoaren út it ferline

De syktocht nei it ferline fan myn âlders en pake en beppe

giet bij mij altyd troch.

Sa no en dan komt er wat binnen of sjoch ik sels  noch wat

Gouden foto's krige ik binnen

fan Johan en Gida Heerma

Foto's fan it eardere hûs 

dêr't myn heit yn berne is.

Letter wenne Inne Heerma dêr.



Myn heit wenne yn Iens en giet op skoalle yn Spannum

Fia it binnepaad dat er no foar in part net mear is.

De provinsjale dyk hat it raar ûnderbrutsen

Yn it lân bij Iens kom ik dit brêgje noch tsjin

as restant fan it binnenpaad.

Yn de fierte, oan de oare kant fan de dyk

leit Bonkwert






dinsdag 14 maart 2023

Kûbaard

 Mei fleaners bij de doarren lâns is neat foar mijm

ek al is foar de FNP

Mar troch Kûbaard kuierje is wol leuk.

Ik sjoch oare dingen as dat ik der op de fyts troch "flean"

Ik sjoch no sa wat op de helte fan alle brievenbussen in sticker

De nee sticker.

Gjin papierguod yn de brievenbus dwaam

wêr't net it adres opstiet, is dan de rigel.

Ik haw gjin stift of pinne bij mij.

want oars soe ik krekt dwaan as dy apostel 

dy't in briefke bij Hindrik Eringa yn Spannum 

yn de bus dwaan soe

wylst der in goed sichtbere nee sticker opplakt is.

Mei fatsoenlike wurden lit Hindrik de man witte

dat hij nei de sticker sjen moat.

De evangelist pakt in pinne út de lange reinjasbûse

en skruwt it adres der op.

Hindrik brûkte syn alder fatsoenlikste wurden

om de discipel no echt fuort te jaaien

Mar werom nei Kûbaard

genôch FNP briefkes oer dus.

Hichtepunt is dit alderaardichst tegeltsje 

dat bij it doarpshûs hinget.