maandag 20 maart 2023

Buffoons



Op 6 septimber 1969 spilen the Buffoons yn it Dielshûs yn Wommels. Dat kom ik tsjin yn myn ”bands yn Wommels” argyf. Dat makket mij nijsgjirrich want ik kin mij dêr efkes neat bij foarstelle as rocker. Harmonieus sjonge dat dogge the Buffoons en it liket mij in straf om dêr in jûn bij te wêzen. Ik gean op syk nei immen dy’t der doe bij west hat. 

Eeltje Sixma wenne doe yn Wommels en is dan 18 jier. Hij kin der wol iets oer fertelle.  Ek yn dy jierren dêrfoar binne der in protte dûnsjûnen yn it Dielshûs. Dûnsorkesten as Beat Boys, The Fabulous Five en René and his Alligators binne wat fan dy nammen. 

Jan P. Heeringa organisearre de jûnen en hij hat it jongfolk al jierren oan it dûnsjen krigen mei syn dûnslessen yn it Dielshûs. Wat is der dan moaier as sa no en dan ek in leuke dûnsband op sneontejûn nei Wommels te heljen. 

De  doarren gean om healwei achten iepen en om alve oere is it dien. 12 oere is de seal leech en de oare deis kin de jeugd (noch wat sloech miskien) gewoan moarns nei tsjerke.

Eeltje kin the Buffoons noch wol herinnerje want hij mocht dat lûd wol lije. Jierren letter hat hij se yn Snits ek noch in kear sjoen. Yn dy tiid gong it sko-dûnsjen wat oer nei it “frij beweech dûnsjen”.

Bij the Buffoons sil dat frij bewegen net oan de oarder west hawwe.

Der is meast in protte belangstelling en je moatte der betiid bij wêze oars is it fol. It is meast jongfolk wat er op ôfkomt, âlde rockers binne der dan noch net.

Op myn syktocht nei noch in besiker meldt Gerlof Ykema fan Frjentsjer (ek in âld Wommelser) him. Hij jout oan dat the Buffoons ek op 20 maart 1971 yn it Dielshûs binne. 

The Buffoons binne dan al oer harren hichtepunt hinne en ek yn it Dielshûs feroarje de dânsjûnen yn popjûnen. Left Side , I Punti Cardinale, Bintangs en de âlde BZN soargje der foar dat er allinne mar frij dûnse wurdt.

Dat Gerlof noch wit dat hij der bij is op 20 maart 1971 komt omdat hij ûnder de yndruk is fan de muzyk fan the Buffoons mar dat hij allinne mar each hat foar in blond famke fan 17 jier út Wurdum. Dûnsje is der net bij, wol tútsje. Mei de auto fan heit hat er har jûns noch thúsbrocht ek al is it mistich.

De oare dei gelyk op jierdei bij skoanmem, want dêr gyng it nei ta. Gerlof en Geeske, se wurde in stel se hawwe net wer bij elkoar wei west. 

It is hjoed 20 maart en dan is it op de dei ôf 52 jier lyn dat se ferkearing krigen bij in optreden fan the Buffoons yn it Dielshûs yn Wommels. 

Dat fiere wij hjoed mei in in klipke foar Geeske en litte de Buffoons  “Mij girl Geeske” sjonge. Gelokkich duorret it mar 2:17, dat moat ik oerlibje.





2 opmerkingen:

Vnske Sm!t zei

San kopstimme as Eilert van Tongeren hef ik noait jerder wer heart. Oait yn Bakhûzen, Better as Brian Wilson en dy wie al butenkategorie kest nei gean

Vnske Sm!t zei

en noch efkes dit https://www.anskesmit.com/2014/07/een-spannend-dagje-motregen.html