vrijdag 12 mei 2017

Tsjerkepaad

Se binne der noch
de echte tsjerkepaadsjes
mei stekjes "ofsetten"
smel genôch om op te rinnen
en streekrjocht nei de tserke ta

In pear hûndert meter
foar Wânswert
dit bijsûndere paadsje
nei de tsjerke fan Wânswert












sjoen op ús tocht Wommels-Ferwert-Wommels



zondag 7 mei 2017

AlleFryskeDoarpeFytstocht

Dat binne der wer in stik 12.
Foarôfgeand oan it drama fan Rotterdam
in lekker rûntsjes fytst....

It pontsje fan Keimpetille is in oanrieder.
Wij fytsten it  binnenpaad fanôf  Wjelsryp der nei ta.....


Yn Menameradiel moai Frysk oan de dyk...
De tsjerke fan Slappeterp
De reade tsjerke fan Boer (stiet boppe de klok)

5 maaie Befrijdingsfestival






Mei Irish Stew

mei Jack Bottleneck en band

mei de Hippe Gasten

Mei in ferrassend leuke band....??

mei Wiebe

Ien blik op it grutte plein wie genôch: Twarris

gitaarke ramme mei the Crooked




vrijdag 5 mei 2017

Blues


It bluesseizoen sit er werop,
alteast bij Noflik yn Easterein.
Wat yn 2007 begong,
as lyts en foar de echte leafhawwer,
is útgroeid ta in moanliks bluesfeest
mei noch altiten de leafhawwers fan de blues,
mar no ek de dûnsers fan aldendei
dy't oerlang hearlik stampe op de krappe flier;
en al jierren en mei de de gesellichheidsminsken
dy't it net folle útmakket
wat er spilet:
at er mar gesellige minsken binne

ien kear yn de moanne
op sneintemiddei
efkes nei de Bluescruise

2017-2018 stiet al wer yn de agenda




donderdag 4 mei 2017

Norberhuis



Eltsenien sil se ha
de mominten yn de herinnering
dy't hast ûnwisber lykje ...

sa as juster
doe't ik de rou adfertinsje lies
fan Anne Norberhuis

Norberhuis,....
Freulepartij.....
hoe siet it ek al wer.

de krante fan 1969 der efkes bij
om befestiging te krijen
fan  memorabele mominten


Wommels mei Pyt de Jong, Jan Joustra en Henk Zijlstra
wint de heale finale fan Ljouwert
mei Anne Norberhuis, Theun Piersma en Klaas Slootjes

dat wie in "enerverende" heale finale
seit de krante en wat mij foaral ek bijstiet
wiene de praatsjes fan Anne Norberhuis
wat geblokt, doe al

Anne Norberhuis is ferstoarn
hij waard doe 
yn 1969 
16 jier âld 
al bloemenhandelaar neamd

dat hat er neffens mij in grut diel fan syn  libben west
op de Nijstêd 
drie bos, 5 gulden of euro
dat wit ik net mear....

Yn de rou adfertinsje stiet
"dat er gjin blommen op syn grêf ha wol
dy hat er syn libben genôch sjoen".





dinsdag 2 mei 2017

Blommendagen

Snein 30 april
Anna Paulowna
blommendagn......

Nei wiken
miskien wol moannen nifeljen
koene wij de kreaasjes besjen

Fytstochtje fan 30 km
liede ús lâns prachtige ôfbylden










Mear foto's op myn facebook

dinsdag 25 april 2017

Peter Karstkarel

Twa kear nei deselde lêzing,
dat moat kinne,
tocht ik

Ik mei Peter Karstkarel graach heare,
fertelle oer de grêven yn Fryslân
op basis fan 16.000 foto's
dy't hij makke hat
om in prachtich moai boek te meitsjen
oer dit ûnderwerp

Justerjûn foar de twadde kear
nei him harke bij Tresoar
foar in man/frou as 30
as beleanning foar de ynset
foar it projekt  Fryske hannen

It wie wer in moaie jûn
en ik sis it noch mar in kear
wat wit dy man wat ôf fan dit ûnderwerp
en wat kin hij moai fertelle




zondag 23 april 2017

Racoon yn AFAS live



In prachtige jûn
yn Amsterdam
mei Anne-Marije en freonen út Skearnegoutum
Racoon......
grôtfol en dochs yntym
mei al dy ljochtjes
fan tillefoanen
dy't it plak ynnaam ha fan oanstekkers




donderdag 20 april 2017

Tulpen

Se binne der
yn soarten
yn maten,
yn kleuren,

dy tulpen
dy't it lânskip sa opfleurje
yn de polder

dizze 14 dagen is it de muoite wurdich
om dêr efkes te sjen
at je fan tulpen hâlde

Wij fytsten fan Bant,
nei wat ombochten nei Creil,
nei wat ombochten nei Espel
nei wat ombochten nei Emmeloord
en nei wat ombochten werom nei Bant






Het Tulpenbelevingscentrum bij Creil



dinsdag 18 april 2017

Aaipop


Aaipop 2017 wie prachtich,
it makke mij yn alle gefallen bliid.....
wêrom ......wêrtroch?
sjoch myn kollum op Friesland Actueel

Net folle foto's makke
want dêr wienen oaren foar....

In pear foto's ...

Omdat Frerik de Swetser syn debút makke 

Omdat it optreden fan Douwe Dijkstra sa leuk wie.....

echt...sa leuk

omdat Volk sa'n fleurich kleurryk gehiel wie op it poadium en ek kreas spile

omdat ik mij altyd wer ferbaas oer it sukses fan de Doelleazen 

Omdat ik Wiebe mei syn band de ferraasing fan de dei fûn...

Omdat Rudy Bouma in foto fan mij nimme soe
mei myn snoadfoan,
 mar dat yn stee fan
dat ik der opstean
hij hij syn eigen kamera der opsette