Eltsenien sil se ha
de mominten yn de herinnering
dy't hast ûnwisber lykje ...
sa as juster
doe't ik de rou adfertinsje lies
fan Anne Norberhuis
Norberhuis,....
Freulepartij.....
hoe siet it ek al wer.
de krante fan 1969 der efkes bij
om befestiging te krijen
fan memorabele mominten
fan memorabele mominten
Wommels mei Pyt de Jong, Jan Joustra en Henk Zijlstra
wint de heale finale fan Ljouwert
wint de heale finale fan Ljouwert
mei Anne Norberhuis, Theun Piersma en Klaas Slootjes
dat wie in "enerverende" heale finale
seit de krante en wat mij foaral ek bijstiet
wiene de praatsjes fan Anne Norberhuis
wat geblokt, doe al
wat geblokt, doe al
Anne Norberhuis is ferstoarn
hij waard doe
yn 1969
16 jier âld
al bloemenhandelaar neamd
dat hat er neffens mij in grut diel fan syn libben west
op de Nijstêd
drie bos, 5 gulden of euro
dat wit ik net mear....
dat wit ik net mear....
Yn de rou adfertinsje stiet
"dat er gjin blommen op syn grêf ha wol
dy hat er syn libben genôch sjoen".
Geen opmerkingen:
Een reactie posten