vrijdag 18 mei 2012

Rûntsje Ljouwert


Op de dei dat de blommen yn de útferkeap wiene yn Ljouwert, makken wij in rûntsje foarbij Ljouwert. Bij Ritsumasyl bij it wetter lâns en bij Burdaard der wer bij wei.
Ljouwert je kinne der fan sizze wat je wolle, mar oan in goeie trochgeande fytsroute mankeart it net.  Utsein it oerstekken fan de Langemerkstrjitte (in lange file mei blommen omswalkjende minsken) jout de route in goed gefoel en foar je it witte binne je Snakkerbuorren (oan de oare kant fan it wetter) foarbij.
Spitich dat de brêgjes bûten de stêd lâns de Ie sa steil binne (foar âlderen in ferfelende hindernis) mar foar it de rest in lust om dêr te wêzen.
Underweis genôch te sjen oan lytskalige rekreaasje en fierstente grutte boaten yn de Ie.
Jislum, Ginnum sa faak kom je dêr net.
Nei wat besites yn Ferwert de doarpenroute fia Marrum, Hallum, Stiens, Britsum, Jelsum en Koarnjum werom.


It brêgje bij Bartlehiem is wierskynlik it meast ferneamd op dizze route ...
foar fytsers lykwols in ôfstap opstakel.

.....en dat brêgje wie krekt in pear wiken lyn ferfongen troch in nij eksimplaar

woensdag 16 mei 2012

Nachtkears

Dizze foto illustreart it ôfrinnend fuotbalbalseizoen bij SDS. It giet út as in nachtkears.
In goed jier lyn wiene der foar mij twa redenen om te stopjen mei fuotbal bij SDS.  Yn it earste plak de bij mij hieltyd grutter wurdende argewaasje fan it net trochgean fan wedstriden. It wiene de tsjinstanners út stêd en doarp dy't de wizânzje hiene om "moai" tiid ôf te sizzen omdat se wer te min spilers hiene. Der wiene klups bij dy't it prestearden om twa of trije kear ôf te beljen. De KNVBNoord liet alles mar gewurde. Sa koe it barre dat wij fanôf april twa kear yn de wuike balje moasten om de efterstân yn wedstriden yn te heljen. En twa kear yn de wike fuotbalje dat is foar dizze 57 jierrige krekt wat te folle.
De twadde reden om te stopjen wie in knibbelblessure dy't net oergean wol.
No in jier letter is de knibbeltastân noch gelyk mar ik fuotbalje al wer. Gewoan Efkes Balje op freedtejûn mei leafhawwers. Dan hawwe je gjin lêst fan ôfsizzende tsjinstanners. Hearlik.

Miskien wat mear fan ôfstân, mar noch wol belutsen sjoch ik dit seizoen foar sommigen ploegen ek útgean as in nachtkears. SDS 5, wêr't ik ferline jier noch bijballe, waard binnen 3 wiken konfrontearre mei 4 kear in ôfsizzende ploech. Hoesa in wintersport. At se dit seizoen noch útfuotbalje wolle, dan wurdt it wol july. Soks past al hielendal net yn doarpen as Wommels en Easterein wêr't it keatsen hieltyd earder foar master opslacht.
SDS 5  hat besletten om de KNVB in hantsje te helpen: sij hoege de wedstriden net wer yn te plannen want sij stappe frijwillich út de kompetysje troch wangedrach fan spilers fan oare klups. It moaie twadde plakje jouwe se fuort en it kampioenskip fan scFraneker 4 is in feit.

De nachtkears liket ek symboal te stean foar de A-ploech fan SDS. Sij hawwe it selde lijen as SDS 5.

De nachtkears stiet ek symboal foar myn trêning mei E1 op woansdei. Sûnt febrewaris al twa jonges op keatstrêning en no't it maaie is, binne der wer keatswedstriden op tiden dat wij trêne. Ik kom net oan de kar dy't bern (of âlders) meitsje, mar de aardichheid giet der wol ôf op dizze wize.
Want trêne mei 5, 4 en sels al in kear 3 bern hat gjin sin, nettsjinsteande dat de jonges dy't der wol binne der net oer seure.
Spitich dat ik yn dit stik fan saken wer konstateare moat dat keatsen en fuotbal elkoar byt en dat stiet mij min oan.
Ik leau dat der noch ien kear trênen is. Ik tink dat ik mar ôfsis: woansdeitemiddei is der keatsen foar 55 plusser miskien moat ik mij dêr mar foar opjaan. En dan op it lêste momint ôfsizze, want keatse is dochs net myn ding.



maandag 14 mei 2012

Hast ryk

It jild leit op strjitte sizze se wol. At ik dizze mail in bytsje begryp dan leit myn jild yn Maleisie.
Fermaaklike kost en je moatte wol hiel tûk wêze at je dit yn goed frysk omsette kinne en der wat fan begripe en je moatte wol hiel dom wêze at je iets trochjouwe oan dizze emailskriuwer.

Beste vriend,

Zijn heel lange tijd geleden dat we hoorden van elkaar. Verraad ze zeggen is de opzettelijk doden van hoop. Ik heb je verraden mijn vriend vanaf het moment dat u gereageerd op die e-mail stuurde ik u enige tijd geleden., vanaf dat moment dat je aanvaard dat geld en dan je me je naam, adres telefoon-en accountgegevens. 

Vanaf dat moment heb ik kiezen om u te verraden wanneer u ervoor kiest om te vertrouwen me.I omgeleid de wining om myself.I ben zo zo erg dat je een hoop geld heb verloren van aanspraak maken op deze prijs. 

Ik ben in een slechte staat van gezondheid op dit moment en ik kan gestorven zijn aan kanker voor mijn Zoon stuur u deze brief, maar accepteer de zevenhonderd en zestig duizend dollar schadevergoeding als een attonement voor mijn zonde tegen you.Please contact opnemen met mijn juridisch adviseur Barr.charles gevestigd in Maleisië, want ik heb gegeven hem instructies om dit geld aan u te leveren zo snel mogelijk.


U kunt contact opnemen met mijn juridisch adviseur Barr.charles zijn e-mail gewoon vertellen hem dat u hem contact op te nemen onder instructie van Code: GUUTU992 zal hij eer mijn WIL en betalen u binnen de Vierde acht uur. Vergeef me dit is alles wat ik vraag for.Please stuur hem je ID, telefoon en adres voor verificatie en de betaling processing.My geest zal worden opgeheven zodra je deze compensatie.

Met vriendelijke groet

GUUTU992

zaterdag 12 mei 2012

3800, 180, 42

Wat besielt in minske om 3800 meter   te swimmen (fan Wommels nei Spyktille), 180 kilometer te fytsen (11 stêdentocht op de fyts oan Aldemardum ta) en 42 kilometer te draven (de Slachte ). Op ien dei wol te ferstean.  It sil de útdaging wêze moatte!
Dit wykein is de triatlon fan l’ Ampolla oan de eastkust fan Spanje. Ien fan de dielnimmers is ús soan Tsjeard. Tegearre mei syn freondinne Berber en syn triatlonfyts  is hij freed nei Barcelona flein en is sneon de hiele dei dwaande west om dit bij in temperatuur fan sa’n 30 graden te folbringen.

Tidens de rees waard it thúsfront op de hichte brocht troch twitters fan Berber en fansels gelyk al mei wat foto's .


Bij de start mei de konkurrinsje




Krekt foar de start fan it swimmen




























Wij binne tige grutsk op him!!!

.......de folgjende dei de skea efkes opnimme....

Greidhoekfestival

Yn in alderaardichste presintaasje waard freedtejûn it programma bekindmakke foar it Greidhoekfestval yn Wommels.
De Jimbar siet fol mei pleatselike parse en oare belangstellenden. It gros fan de nasjonale en ynternasjonal parse siet thús efter de Ipad of Leptop want Stjoerder hie der in streekrjochte útstjoering fan makke.
Neffens de twa Bobben stiet it festival no ek op de ynternasjonale agenda omdat meardere artysten yn it Ingelsk sjonge.
15 septimber sil it heve en it sjocht der allegear wer fernijend, nijsgjirrich, dwers en tsjin de tried yn út.
Noflik en kult seit it oanpaste logo. Foar mar 8 euro stiet der hiel wat ferdivedaasje op it programma fanôf 19.00 oere.
Om wat te neamen: Automatic Sam, Fortunate Sons, Nyk de Vries, Henk en Melle, Lody Franzen, Meindert Talma mei Snakkers en Skarl.

15 septimber op it swimbadterrein yn Wommels kinne je kultuur snuve en goeie muzyk heare.
In oanrieder.

En dizze geweldige band (The Fortunate Sons) wie okkerlêsten yn in útferkocht Bolwurk yn Snits te hearen foar in publyk dat út syn dak gie bij it hearen fan al dy geweldige hits fan Creedence Clearwater Revival.
Sij komme yn Wommels !!!


woensdag 9 mei 2012

Moaie affysjes






Foar de leafhawwers fan moaie affysjes is der gjin nee te keap tsjintwurdich. Yn Paris oan de Seine kreas neimakke affysjes fan optredens fan ferskate bands yn Paris. Sa as yn 1965 The Rolling Stones en yn 1968 The Doors.

zondag 6 mei 2012

Liet


Sneon wie Liet yn de Prinsetún. 11 groepen diene in poging om de opfolger fan Janna Eijer te wurden. Hast allegear haw ik se sjoen en heard. Dat fûn ik fan mij sels in hiele prestaasje. Mar kieze tusken alwer de Hûnekop op ien fan de podia fan it Befrijingsfestifal of wat nijs heare wie net sa dreech.
In sfearfolle omjouwing, it seach der fierders ek goed út sa oan de kant fan de fiver mar it kaam net oer as in wichtich festifal dêr't it der om gie.
In goeie lûd fans sa'n licht sjenre ferwaait gewoanwei en yn dit gefal liken de technisi ek problemen te hawwen om de saak goed foar elkoar te krijen mei al dy ferskillende groepen en ynstruminten
Dat it kâld wie om dêr te stean sil ek net goed dien ha oan myn gefoel en in tige leech oerfleanende helikopter tidens ien fan de nûmers kaam wol hiel ferfelend oer. Ek al siet Allan Clark deryn.
Ik wie net echt entûsjast en kin mij goed foarstelle dat de groep fan Weiland de publykspriis wûn.
Argewaasje hie ik ek.
Hiel opfallend dat presintatrise Marijke Roskam de groep Yldau wol hiel slim de himmel ynpriizge nei harren optreden: sa goed, net ophâlde, better as Lois Lain ensf..
Iets te opfallend wie dat, fûnen ek meardere minsken om mij hinne. Dat de groep Yldau de winner waard sil ik mar tafal neame.

vrijdag 4 mei 2012

KNVB en 5 maaie

It fuotbalseizoen duorret fan begjin septimber oant juny. Dêr sitte tal fan fuotballeaze sneonen tusken. Ta fertriet fan sommigen dy't soms krekt yn foarm binne.
Fakânsjes dogge it ritme ek net goed. De KNVB is fan miening dat der dan sa min mooglik fuotballe wurdt. Der moat ek rekken holden wurde ynhelsneonen.
Der moat soarge wurde om reedlik op tiid dien te wêzen want it keatsen begjint wer en gemeentes wolle de fjilden rêst jaan.
Nettsjinsteande boppesteande arguminten is it ûnbegryplik dat de KNVB op 5 maaie in hast folslein programma hat. It docht gjin rjocht oan it Befrijiingsfestifal sa't dat al jierren in grut sukses is yn Ljouwert.
In donkergiele kaart foar de KNVB.

De Staat spilet sneontejûn op it haadpoadium yn Ljouwert.

dinsdag 1 mei 2012

30 april

30 april is yn de keatshoeke sa'n bytsje de ôftraap fan it keatsseizoen. Tradysje fan jierren tink ik.
Yn Itens, Easterein en Wommels om mar in pear foarbylden te neamen, wurde de perken wer útlein, de tillegraaf wer delsetten en de want komt ek wer foar it ljocht.
Ik haw lid west yn Itens, Easterein en bin noch lid yn Wommels. Wêrom ik noch lid bin wit ik net. Hoewol dat ek jildt foar de toanielferiening, ek dêr haw ik fierders neat mei.
Keatse doch ik net mear. In fuotbalseizoen kin mij net lang genôch trochgean en betiid genôch begjinne.
Yn it ramt fan de fraach"wat soene se yn doarpen útfine, wêr't net keatst wurdt" stapte ik op de fyts nei in keatsfrije hoeke.


In goeie 60 kilometer yn Lemsterlân. Flevolân en Gaasterlân-Sleat
Lit ús mar sizze in rûntsje ten súden fan Spannenburg, want dêr wie de start.

Yn Eastersé stiet in gebou wêr't de bûtenmuorren opfleure binne mei allegear tegeltsjeswiisheid. In aardichheid om te sjen en yn dy pear minuten dy't je dêr steane te sjen, dogge je wer hiel wat wiisheid op, wat je al wer fergetten binne as je Eastersé efter je litte.


De polder yn de buert fan Bant sjocht der flerich en kleurich út mei de tulpen.
Yn de buert fan Creil is in alderaardichst ynfosintrum oer tulpen. Op in terrein sa grut as in keatsfjild binne hast alle ferskillende soarten tulpen te bewûnderjen. Skat dat der hûnderten ferskillende soarten yn de bloei stiene. Alle soarten hawwe harren eigen nammen en sa kin ik ûnder oaren de Martine Bijl tulp, de Ferrari tulp, de Willem Alexander tulp, de Gerrit van der Valk tulp, de Red Bullet tulp en de Franeker tulp op syn wearde beoardielje



Ek de Rock en Roll hat syn eigen tulp

 
It sil jim net ferbaze dat de Kung Fu tulp in kopke lytser makke wie

.Ek Ronaldo (hokker? ) kin syn eigen tulp hjir groeien sjen.

Troch al dat blommegedoch soe ik hast ferjitte wat it doel wie fan de reis. Sjen hoe't net keatsende doarpen 30 april om krije.
Yn Eastersé bier drinke, yn Bantegea bûten folleybalje, yn Bant bûten folleybalje, yn Creil allegear flagje, op é Lemmer bij de brêge omhingje en yn Sleat op terraskes sitte.

maandag 30 april 2012

Blues feest yn Easterein

At de R yn de moanne wie, wie it tiid foar levertraan. Dat smoarge goare spul dat hiene je nedich om de winter troch te kommen. Alle dagen in leppeltsje fol en letter sa goare plastik kapsule. Ja, dat wiene nochris tiden.
At de R no yn de moanne is, is der in bluesmiddei-jûn yn Noflik Easterein.

De blues yn Easterein is mei opsetten troch Auke Bloemhof (Feyenoord hert) fan de Blues Busters mar is hielendal oernommen troch Ab en Yvon fan Noflik Easterein..
It sukses fan de BluesCruise yn Easterein strielt der dit jier ôf. De leawhawwers komme fan hein en fier. Machtige jûnen mei allegear fleurige minsken dy't fan de blues hâlde en fan noflikheid. (at dat wurd net bestie, dan bestiet it no)
Snein wie it dizze winter foar de lêste kear en de Blues Buster wiene fersterke mei B.J. Hegen de 69 jierrige sjonger út Drinte. Krekt as ferline jier hie der syn reade jaske wer oan, syn pet hat wierskynlik nea fan de holle ôf west en syn blues komt noch altiten út de teannen.


 Fanôf septimber giet it wer los, de lêste snein fan de moanne. De tagong is ek dan wer fergees.

vrijdag 27 april 2012

Lintsje



It hat Beatrix goed talike om in lid fan de famylje Hofstra in lintsje te jaan. Broer Hessel krige it fersiersel omhongen. Wij wiene útnoege en seagen it oan. Der wiene noch 4 minsken dy't ek foar doarp en feriening in soad goed dien ha. Hessel hat him fertsjinstlik makke foar ferienings yn Wommels. At der dan dochs lintsjes útrikt wurde dan soe hij dêr seker foar yn oanmerking komme.
Dat hat de keninjinne goed  sjoen.
Der binne minsken dy fertsjinje it (neffens de rigels) en dy stelle dat ek op priis.
Myn broer is grutsk. Ek ferbaasd dat safolle minsken it fan te foaren wisten en hij net.
Syn frou Nannie soe ek in lintsje ha moatte. Allinne al om dy freeslike lêste wiken.
Minsken útnoegje, fan alles regelje en Hessel mei it net witte.
Neat foar har.
Hoe krij ik him yn kreaze klean nei it gemeentehûs sûnder dat er wat yn de gaten hat, dat koste har in soad harsensskrabjen.
Ik leau dat se op de dei derfoar al syn broeken yn de waskmasjine smiten hat, op ien nei. In kreaze broek. It is allegear goed slagge. Wij ha der ien op nommen.
It is moai sa.
Ien Hofstra mei in lintsje is moai genôch. Dêr is de hiele famylje tefreden mei.

Gerrit


Aaipop hie tongersdeitejûn de ôfsluter fan it 25 jierrich jubileum. Bij de nijsgjirrige útstalling yn Tresoar wie in optreden fan Gerrit Breteler en Clara Rullman.
Ik hie Gerrit al in jier as twa net heard en ik moat sizze hij is net feroare. Hij hat syn fêste oandachtspunten (betiden eamelpunten) en dy rûn hij ek no wer troch en it kaam mij bekend foar allegear.
Syn avontoeren yn Skotlân, syn Twentse ôfkomst, syn libben op it fertuteaze plattelân, syn striid tsjin de oerheden en it rekwium.
Gelokkich kin Gerrit moai sjonge en Clara goed spylje (en sjonge) en dat makke de jûn boeiend genôch.
De gastfrijheid fan Tresoar en Aaipop op dizze jûn wie wol hiel grut.

woensdag 25 april 2012

Jim Morrison

Dêr rin ik dan op in sneintemoarn yn april 2012 op in tsjerkhôf yn Paris. Ferdwaald tusken al dy grutte grêven fan rike Frânske famyljes. In boekje yn de hân mei dêrop wat ferneamde deaden. Ik ferbaas mij oer de meast ferfallen grêven mei hjir en dêr in nij grêf fan in rike Sjinees.
Ik kom in plysje auto tsjin en ek wat touristen. Te herkennen oan de fototastellen.
Ik gean op syk nei seksje 6. It moat earne op in ferlitten plakje wêze. In tuskenpaad.
Yn seksje 6 is it net ferlitten. Drok sykjende minsken krekt as mij.

Drangstekken kom ik earst tsjin. Bij ien grêf op dit grutte tsjerkhôf steane de drangstekken. It grêf fan sjonger Jim Morrison. Deagien doe't hij 27 wie. Sjonger fan  the Doors.

Ien fan de grêven wêr't in soad blommen bij del set wurde. Ik hear Frysk om mei hinne praten. Net allinne fan myn famyljeleden mar fan mear. Ik hear Ingelsen, ik hear Dútsers en ik sjoch sels Japanners. Bij gjin inkel grêf is it sa drok.


It grêf, fuorttreaun tusken de grutten

en ik sjoch de beam...
dy't folplakt is mei kaugom...mei teksten, mei figuren....
Light mij fire.




vrijdag 13 april 2012

Donald Duck

Ien kear yn de wike draai ik in pleinwacht bij ús op skoalle. Eagen en hearen iepen en hope dat de bern it wurd "boartsje" op in goeie wize yn de praktyk bringe. Oer it generaal falt it best ta en gelokkich  is der dan ek wat tiid om wat te praten mei dy en dy.
De bern komme meast sels wol mei harren fragen. De earste wiken wie dat foaral: "binne jo ek master, hoe hjit master en wêr wurket master".
De twadde wike kamen der wer oare fragen: "Is master Sinterklaas, de krystman of Perkamentus". De earste figuren twa hie ik wol earder heard mar Perkamentus kaam mij net bekend foar. Ik wit noal dat it in figuer út Harry Potter is en dat it net in ferkearden is.
De tredde wike waarden de fragen fan in noch heger nivo:  "Wat fynt master in enge film"
Dêrop moast ik it antwurd skuldich bliuwe. "Ik sjoch hast nea films", joech ik oan.
It like mij goed om in tsjinfraach te stellen oer boeklêzen.
Wij holden fan ferskillende dingen die bliken.
Uteinlik kamen wij út bij de Donald Duck. Hij lêsde it blêd no altiten en ik dat ek doe't ik sa âld as him wie. Wij wikselden ús favorite Donald Duck stripheld út en doe gie de bel.
Hjoed seach ik de Donald Duck yn de winkel lizzen. Meinimme tocht ik, âlde herinnerings ophelle, werom gean yn de tiid en oare wike mei him der prate.
Ik trof it net min. Want it wie de Fryske Donald Duck. Dat moat wol goed wêze.
Ik hoop dat ik him nije wike wer tref en noch wit wa't it wie. Hij krijt fan mij de Fryske Donald Duck en hoop fan herte dat er dy ek mei like folle wille lêst as de oaren. Ik haw dat seker dien.

woensdag 11 april 2012

Aaipop 2012

Foar dizze edysje fan Aaipop wie der al wer in lytse diskusje oer wat Aaipop no krekt is. It wurdt karnafal en doarpsfeest wurdt dan oan de iene kant neamd  wylst it poadium foar de Fryske muzyk mij oan de oare kant wat better yn de earen klinkt.
Dat de bekinde muzyk resinsint fan de LC net sa folle op hat mei Aaipop sa't dat no fierd wurdt is wol dúdlik. Hij lit al jierren gjin kâns slûpe om de klam op de feestútspattingen te lizzen en dan net as posityf elemint. Dat fynt hij. Dat mei, like goed dat ik wat oars fine mei.
Spitich dat dy skriuwer fan it stikje yn LC yn foto's en kolommen de "heale" lêzers op in ferkeard spoar set. Anneke Douma en notabene Country Wytske krije de oandacht dy't se net fertsjinje.
Ik haw yn alle gefallen grutte muoite hân om dat lêste optreden ek noch mei te meitsjen nei safolle goeds.  Dat lêste healoerke wie karnafal/doarpsfeest mar de oare 7,5 oere wie dat net it gefal. Oke, Hûnekop wie ek in oere doarpsfeest foar de leafhawwer en dat haw ik ek foarbij gean litten.
Wat haw ik as leafhawwer fan stevige muzyk genoaten fan Rekker, fan Vodkovs Grodzemods, fan Helder, fan Sebeare (ja,ja), fan Stiet as Quo, fan Bombarje en foaral fan Frisellica. Spitich dat ik net mear tiid hie en dêrtroch NNB misse moast.
En tusken al dat geweld socht ik efkes rêst bij in moai optreden fan Janna Eijer, dy't foaral útblonk yn har "striidlieten". Moai wie dêr bij ek, dat âld en jong safolle goeie oandacht hie foar dat optreden.
Doede Bleeker paste him oan oan it publyk haw ik heard. Dêr wie ik al bang foar. Ik bin in fen fan syn CD "Omarmd op Texel" en de gefoelige snaar hie hij thúslitten. Ik koe de switsokken, Loes har poes en de Dútsers  bûten rûke.

De organisaasje fertsjinnet in grut kompliment foar it iepen fjild en hoe't se dêr yn alle hasten noch op ynspilen: in fergrutte partytinte en wat reinponsjo's. Se wiene net oan mij bestege. Dweiltrochwiet wiene wij nei dy bûtenkonserten mar it wie it mear as wurdich. Frisellica wat in band!
It echte festival gefoel wie der hielendal. Om it fan it begjin oan de ein mei te meitsjen (it iten hast net,  it drinken krekt wol oan tiid) moast ik wachtsje op it Fryske folkliet. Dêrom moast ik de ellinde fan Anneke en Wytske ek trochstean.

Alles goed en oké moandei? Hast!
Der kinne om mij wol wat minder optredens wêze. Ik moat no tefolle misse en dat stiet mij net oan.
Fierders haw ik al fan meardere heard dat der te min gelegenheid is om efkes te sitten. Alinne de Aaiseal jout dy gelegenheid, mar at dat jierren begjinne te tellen is 6 of 7 oeren stean wol hiel lang.

Mar wat mij foaral ek opfoel wie dat it lûd yn de Hark-en Huverseal net sa goed wie as op de oare plakken.  En dat fûn ik sneu foar Bauke van der Woude en kombo, foar Jaap Louwes en band en myn broer fûn dat sneu foar Ernst Langhout en band.
Ik sjoch al wer út nei in iets lytser Aaipop mei stevige rock yn de bûtenlucht yn 2013.





vrijdag 6 april 2012

Yn de moderne wrâld...

Ernst Langhout en Johan Keus komme moandei ek op Aaipop. Dy mei ik graach heare. Dy sil ik seker net misse.
Altyd moaie teksten fan Ernst en fantastyk gitaarwurk fan Johan.
De beide Dylan yn it Frysk cd's kin ik net faak genôch heare.
It is de muoite wurdich om dit nûmer hielendal te hearen
En foaral ek te sjen troch in prachtich tekenfilmke.

The Dubliners bestean net mear

At ik op nternet stean sjoch dat Barney McKenna dea is, dan begjint bij mij net gelyk it ljocht fan herkenning te brânen.
Barney McKenn? Wêr kin ik dy fan?
It wurdt oars at myn swaeger en grutte Dublinerfan twittert dat Barney McKenna dea is. Hij wie de lêste Dubliner. De  oaren dy't the Dubliners mei oprjochten ha binne al earder ferstoarn.
Hij wie tink ik de man dy't de lêste jierren op it poadium wat efterôf siet, meidie sûnder te bewegen.
Dat byld haw ik noch fan al wer in jier as wat lyn yn it FEC, doe't se dêr as in soarte mei etalaazjepoppen optreden.
Myn lêste kear Dubliners haw ik doe sein.
Mei de dea fan Barney McKenna bestean foar mij the Dubliners net mear.
It is no oer, út en dien.
The Dubliners dea, mar harren muzyk libbet troch. Bij mij troch de elpees. Ik tink de earste elpees dy't ik kocht yn de jierren 70.
De muzyk libbet troch mei help fan myn Cd's en DVD's, dy't ik yn de rin fan de jierren ek oanskaft ha. Dit wykein mar wat Dubliner muzyk draaie as ôfskie.



Op 30 juli 1977 wie ik bij it ienmalich optreden fan the Dubliners op 'e Jouwer. Dat de parse net posityf wie, kin ik mij no noch net foarstelle. It wie in lust dêr te wêzen.


In jier letter wûnen Tamminga, Eringa en van Dijk it sealkeatsen (en ik wie tredde sa te sjen), kaam doarpsbelang Hichtum bijelkoar (en waard ik skriuwer), skynde ik doe ek fan Wolga muzyk te hâlden en treden the Dubliners wer op yn Fryslân.
Yn de Thialf Yshal koenen wij foar 17.50 gûne der bij wêze.

2006

1980


woensdag 4 april 2012

Eigen belang

It wie in moaie tiid doe't bij Ljouwert de busbanen ynfierd waarde. Dat wie yn de tiid dat ik regelmjittich mei de bus nei de haadstêd reizge op de fyts of mei de bus.
It joech as busreizger in goed gefoel. Net yn de rige auto's bij Marsum stean mar trochride oan de stopljochten ta.
In goeie saak tocht ik doe, want it soe samar kinne dat dêrtroch mear minsken mei de bus reizgje soene, ynstee fan allinne yn de auto.. Dat wie in misfetting. Busbanen waarden yn de rin fan de tiden langer omdat ik de files langer waarden.
De lêste 12 jier fyts ik alle dagen nei Snits. Mei de bus reizgje is der net mear bij.
It frjemde is dat ik yn de buert fan de stopljochten yn Snits in hekel krij oan de bussen. Bij it spoar en bij Bogerman alteast.
It kin net oars wêze dat dy sjoffeurs in kasje yn de bus hawwe en dêr op drukke at hij hûnderten meters fan it stopljocht ôf. It kin net oars dan dat de ljochtynstallaazje in sinjaaltsje opfangt oan dat reade of dat griene ljocht te beynfloedzjen. Grien reageart "ik moat dus op grien bliuwe want der komt in bus oan" en read reageart "as de soademiter nei oranje en grien"
Hiel ferfelend at je krekt in skoft wachte ha, je der wis fan binne dat je oan de beurt binne en at der dan sa'n "ferfelende Stoffel" oankomt dy foarrang hat.

dinsdag 3 april 2012

Besikers

It is nijsgjirrich om sa no en dan efkes nei de statistiken te sjen fan in webside. Doe't ik al hiel lang lyn begong mei  de webstek "sibedeseefûgel" wie it noch lestich om in goeie teller te pleatsen. Doe't dat slagge wie it motifearjend om troch te gean. omdat ik wat sicht krige op oprinnende besikersoantallen.
Sibe is der net mear.
Aansens 10 jier lyn hawwe Willem Wijnia  en ik http://www.vv-sds.nl/ op de fuotbalkaart setten en der foar soarge dat de webside in wichtich plak yn nimme koe binnen de klup.
Yn 2002 begongen wij mei in 30 oant 50 besikers op in dei en seagen de jierren dênei oprinnende besikerssifers mei wille oan.
Bij it mei opsetten fan http://www.wommels.nl/ wie it al net oars: de besikerssifers waarden sels al "analyseard" om te sjen hokker kant it út moast, sadat ek dy side in goed plak krige yn de mienskip fan Wommels.
Tsjintwurdich hâldt myn grutte kameraat "Google" alles foar mij bij. Ik hoech der net iens om te freegjen. Slimmer noch, Google freget mij net iens at hij dat foar mij dwaan mei. Hjoed mar efkes sjoen nei de 300 lêste besikers. Tige nijsgjirrich dat myn fens ek al yn Moldavie, China en Georgie sitte.