maandag 16 november 2026

Fabryk

Novimber is de museummoanne yn ús gemeente

14 musea sette dy moanne de doarren iepen foar elkenien

No hawwe wij de Museumjierkaart 

en ek de Vriendenloterij jout ús in protte musea frije tagong.

Boppedat binne wij stiper fan it museum yn Wommels

Op dizze suterige kâlde sneintemiddei

trotsearden wij de omstannichheden en sette ôf nei it Aldhiem

Wij sjogge alle jierren wol efkes yn ús museum,

de boppeferdjipping jout meastal gjin nije ynsichten

mar dizze kear sjoch ik in moai skilderij fan M. Hiemstra

De molkfabryk yn Wommels

In byld wat jeugdherinneringen opropt

Ommers wij wennen rjochts fan dizze fabryk 

en myn bernejierren tusken 6 en 12 jier hawwe him hjir ôfspile

De wenning fan direkteur de Boer tsjin de fabryk oan,

it Fricoboerd en de piip




Geen opmerkingen: