Hurddrave yn en bij Tsjom.
Ik begryp ik ek net wêrom ik dêr oan mei dwaan sil.
Fan hûs út Iens om drave is ek 5 kilometer
Wêrom moat ik earst nei Tsjom op de fyts
om mij fansels rom op betiid te melden
om nûmer 343 te krijen?
Mei dat nûmer kies ik bij de start gelyk de goeie posysje
Efteroan,
net de langsumste wêze, dat wurdt de útdaging hjoed
Nei in earste slach troch it doarp
mei foar mij in "moardzjend" heech tempo,
gean wij Tsjom út.
Tsjom út wie bij it fuotbal net altyd lestich.
Mar Tsjom butenút dat is "different koeke"
Twa kilometer foar de wyn
kin ik in foar mij gemiddeld tempo oanhâlde.
Op it kearpunt bin ik hast alle oare dielnimmers tsjinkaam
Hast, want ik sjoch noch twa efter mij oankommen
In man en in frou
De helletocht fan twa kilometer nei Tsjom
mei in hurde westenwyn tsjin
bliuwt er fan myn technyk net folle oer.
Boppedat hear ik ien fan de twa efterfolgers oankommen
Hymjend en snuvend....
Krekt foar Tsjom giet hij mij foarbij
mar 30 tellen letter rint hij al wer
Ik passear yn myn fêste tempo
en at ik de lijte fan Tsjom fiel
haw ik noch altiten in lytse foarsprong.
Ik kin noch oansette
en sprint mij nei it ien nei lêste plakje
bij de mânlju.
7 sekonden earder......
Ik kin ek sizze "nei it fertsjinstlike 7de plakje",
bij de mânlju boppe de 60
Ik bin tefreden mei myn tiid
en bin net echt stikken
Fyts nei hûs en gean middeisop de fyts nei it fuotbal yn Boalsert
Tiid om stiif te wurden krijt it lichem dus net.
Ik sjoch no al wer nei Tsjom 2027
Janke van der Schaaf makke sa as altyd foto's bij it hurddraven
en se koe myn striid net better yn byld bringe
Ik soe bij dizze foto hast freegje kinne
sykje de ferskillen, útsein de 7 sekonden snelheid



Geen opmerkingen:
Een reactie posten