Muzykkafee Itens hie sneon wer in moai programma
Net foar de tribute leafhawwers,
wat de measte lju tsjintwurdich binne,
mar foar de muzykleafhawwers.
Christ in Concrete setten de begjinklanken
In Fryske band út de jierren 80
wêr't ik noch nea fan heard haw.
It klonk prima, foaral de wat stevige nûmers.
It lûd wie ek geweldich ôfsteld bij dizze band.
Gin House Blues Band wie der foar de beweeglike besikers
Hearlike blues, mei in swingende toetsenman
in útblinkende gitarist en in sjonger
dy't as in soarte fan "orkestdirigent" de toan sette
Tsjin tolven wie it tiid foar de garaazjerock fan Angry Chair
Ik wie fol ferwachting, want hie se al twa kear earder sjoen
en se oertroffen myn heechste ferwachting.
Machtich lûd en se lieten hjir en dêr wat hollen batse
Moai sa'n jûn yn Itens,
wêr't ik mei de bealch fol 0.0 Affligem
en mei de smaak fan tsiis, woarst en bitterbal (mei mostert) nei hûs gean
Geen opmerkingen:
Een reactie posten