vrijdag 13 februari 2026

Sivert Hoyem

Hoe lang is it lyn dat ik in cd tsje krige fan Tiede út Itens.

In brânde  cd sa't dat yn de tiid giet foar Spotify.

Muzyk meielkoar diele fia in cd

Op dy CD stiet de muzyk fan Madrugada,

in band út Noorwegen, dy't sûnt 2007 net mear bestiet

Mar de sjonger Sivert Hoyem gie wol troch

mei in nije band

Jierren seach ik harren yn 013 yn Tilburg

en tongersdei bin ik mei dochter Hildau yn Grins

Al wer yn dy prachtige lytse seal yn de Oosterpoort

Ik kom wer superlativen te koart

om út te drukken hoe moai dit optreden wer is.

Wij sitte fan siden en hawwe in prachtich sicht op de band

It lûd yn Oosterpoort is wer fantastysk.

20 nûmers lang harkje wij nei dy magyske stim fan Sivert

en dy moiae klanken fan syn band

In hearlike jûn wer.



Geen opmerkingen: