Dat is in respektabele leeftyd
en in geweldige prestaasje.
Of is it deagewoan gelok?
Ik tocht er hjoed oan omdat it 6 juny 2020 is.
6 juny, de bertedei fan myn heit.
Berne yn 1920 yn Iens, hjoed 100 jier lyn,
hij hie der noch wêzen kinne,
at er gelok hân hie
at er gelok hân hie
en ek 100 wurden wie.
Hij stoar op 12-1-1999 yn Boalsert,
78 jier âld,
neidat hij lange tiid yn Bloemkamp wenne hat.
At ik wat typearingen jaan moat,
dan binne it dizze.
dan binne it dizze.
- berne yn Iens
- opgroeid yn Spannum
- wurke bij de boer
- focht yn Yndie
- swijde oer Yndie
- troude mei 32 jier mei Hiltsje Boerstra
- sentrifugist op de molkfabryk yn Wommels
- wenne op Hofkamp, Molewâl en Opslach yn Wommels
- folkstún
- Solex en fytse
- skake
- radio harkje, Hilterman en klassyk
- de oerhaal dy't him feroare
- 5 jonges, wêrfan ien ferdronken
- nea op fakânsje
- stil, stikem, op him sels
- Bloemkamp
- stoarn op 12-1-1999
De measte foto's fan heit dy't ik noch ha, binne fan Yndie.
Ik haw gjin foto's wêr't wij beide op stean,
want hij makke thús de foto's
Geen opmerkingen:
Een reactie posten