zaterdag 30 mei 2020

Pealtsjes



Pealtsjes fuorthelje
dat klinkt mij as muzyk yn de earen.
At se de pealtsjes midden op fytspaden der wei helje
bin ik in lokkich man.

"Pealtsje", roppe wij elkoar ta
at er wer ien midden op it fytspaad stiet.
Der binne tal fan ûngemakken bard
fanwege dy rot pealtsjes

De gemeente lykwols
hat it ek oer oare pealtsjes, at ik it goed begryp.

Ik mei oannimme
dat se net dy betonblokken yn it Noard yn Wommels bedoele.
It is gjin gesicht, mar oh sa nedich
fanwege frachtauto's en trekkers (mei ûnerfaren jonge sjoffeurs)
dy't it net sa nau nimme mei it ûnderskied tusken  in strjitte en in stoepe

Ek ferline wike leine der wer meardere om
en dat betsjut dat it grutte ferkear wer heal op de stoepe ride soe
at se der net stiene
en lit op dy stoepe no krekt altyd allegear bern en heiten en memmen rinne
dy't nei skoalle rinne of der wei komme

Ik bin benijd hokker oare pealtsjes der wei helle wurde yn Wommels.
Ik bin der wis fan dat it pealtsje fan Easterlittens stean bliuwt,
dat stiet yn in oare gemeente

Geen opmerkingen: