dinsdag 5 juni 2018

Oertinking Tiede Lanting


Eten  Feesten  Activiteiten Catering
dat stiet op it boerd
at je it Dielshûs yn Wommels ynrinne.

Ik sko langsum ûnder it boerd lâns,
krekt as hûnderten oaren
ûnderweis nei in "aktiviteit"
in oertinking,  in tanktsjinst
of hoe't je mar neame wolle

It libben fan Tiede Lanting oertinke.
stoarn,
noch mar 52 jier âld

Tiede,
doarpsgenoat en buertgenoat
muzykman fan Reboelje
en muzykman yn ieren en sinnen
en dat lêste wie it praat wat wij hiene
at wij elkoar moeten.

In moaie oertinking.

Wat soe Tiede grutsk wêze
op syn bern
dy't allegear harren wurdsje diene
dat it gemis útbylde troch moaie wurden
troch moaie herinneringen

Wat soe Tiede laitsje
om de anekdoates dy't broer Sake fertelde
dy't sij belibben op de pleats oan de Slachte

Wat soe Tiede grutsk wêze
op syn freonen fan Reboelje
dy't him in earbetoan brochten
mei âlde nûmers
en nije,
spesjaal makke foar him

Wat soe Tiede genoaten ha fan de oare muzyk:
de Rolling Stones (mei syn dochter yn it Stones sjurt)
en fan  Echo & The Bunnyman
de muzyk dy't hij ûntduts en dielde mei oaren

Wat soe Tiede fertriet hawwe
at hij syn mem sitten seach
dy't no har tredde jonge nei it grêf bringe moast.
Wat soe hij noch graach efkes mei har prate wolle
om it fertriet te dielen

Wat soe Tiede it moai fine
dy treastrike wurden fan de dûmny
en hoe lûd soe hij it Glorie Halleluja meisjonge?
en hoe grappich soe hij it fine
dat de dûmny ymprofisearjend
sels efter de piano krûpte.

En Tiede soe knikke
at hij de prachtige herinnering hearde fan Sebastiaan de Haan,
oer hoe't it fierder moast mei Tiede,
nei mindere mominten;
"sa is it"...soe hij sein hawwe

Tiede iensum?
hoe is it mooglik
mei al dy minsken hjoed
dy't er wiene,
spesjaal foar him
en ek foar dyjenen dy't efter bliuwe.

In moaie bijienkomst,
in sinfolle oertinking
mei n soad jonge minsken dy't in stipe wêze wolle
foar syn bern

Tiede soe it prachtich fûn hawwe,
in grôtfolle seal yn it Dielshûs
sa't dat meast ek wie
doe't  dat it plak wie foar popkonserten
ek sa'n "Activiteit"
en sa't ik him dêr likernôch 16 kear optreden sjoen ha mei Reboelje

Tiede ,
do wiest in bysûndere jonge,
in artyst;
do hiest in langer libben fertsjinne
mei de minsken dy't dij leaf hawwe
en wêr asto fan hâldst

Myn muzyk as oantinken oan Tiede.

Trije
it meast rock & roll nûmer fan Reboelje











3 opmerkingen:

Unknown zei

Aant, wurden nei myn hert.
Koe der spitichgenoch net bei wêze.
Douwe Poelstra.

Unknown zei

Het was een prachtige bijeenkomst. Typerend voor Tiede die veel te vroeg is gestorven.

Unknown zei

RIP Tiede, do hiest in langer libben fertsjinne !!