donderdag 8 juni 2017

Omgekearde wrâld

Yn de goeie jierren
waarden wij allegear oansetten
om in kapitaalfersekering of in lyfrintepolis ôf te sluten:
gouden bergen en hege rendeminten
waarden ús foarholden....

De rintiid sit der op
en it is no tiid
om it tsjinfallende rissultaat te fersulverjen.

Us sels sparre pot,
wat úteinlik in potsje is,
omdat maatskippijen der in potsje fan makke ha,
wolle wij no graach periodyk útbetelle ha

Dat kin, seit de maatskippij
mei adfys kost it 289 euro
en sûnder adfys  moatte jo
in "Kennis- en Ervaringstoets"dwaan

ja, echt wier: in "Kennis en ervaringstoets"

It is net te leauwen:
ynstee dat de fersekeringsmaatskippij
in "Proeve van Bekwaamheid"  helle hie,
doe't se ús gouden bergen beloofden
moat ik dat dwaan
om gewoan ús eigen jild werom te krijen.

en slagget it net yn twa kear,
dy 11 fragen goed te beanderjen,
dan wurdt troch harren in deskundige ynsetten
foar 289 euro......


Geen opmerkingen: