zaterdag 3 juni 2017

ING

Ik wit net hoelang ik al in girorekken ha,
mar dat moat seker 45 jier wêze.
Postbank hjitte it doe noch,
no ING

Bin in tefreden besitter fan in Ibannûmer
bij de ING
sa't it no sa moai hjit
en wij kinne ús der skoan mei rêde
en witte al lang
dat jild foarhinne wol wat oplevere
mar no net mear

Yn dy 45 jier op gjin inkele wize
kontakt hân mei immen
fan de Postbank en/of ING

Mocht ik ferlet ha fan kontakt
dan pak ik de tillefoan of
skriuw ik in email

Ik wurd erchtinkend
at de bank mij bellet
en útnoeget foar in petear
"omdat it goed is om ris
yn de kunde meielkoar te kommen
en te sjen wat se betsjutte kinne foar ús"
sa seit it fromminske fan de ING yn Snits

Ik jou oan dat sokke útnoegingen
net oan ús bestege binne,
omdat dit net yn it earste plak
yn ús belang wêze sil
mar omdat de ING fêst in belang hat...
want wêz earlik...oars skilje se net

Ik moast suver myn bêst dwaan om
har te oertsjûgjen dat wij net fan doel binne
om nei it kantoar yn Snits te kommen...



Geen opmerkingen: