woensdag 12 april 2017

Herinneringen



De tiid hâld gjin skoft
song Tetman de Vries
yn de jierren sechtich
fan de foarige ieu...

en sa is it...
wêr binne de jierren bleaun

dat frege ik mei justermiddei ôf
doe't ik it efkes op it tsjerkhôf
omstapte yn eigen doarp






It algemiene begrêfplak
dat oanlein waard yn de jierren
doe't ik in jonkje wie
en oan de Molewâl of Opslach wenne..

Doe leech,
no al aaklik fol.

mei nammen op grêfstiennen
fan minsken dy't ik kend ha:

tachtigers,
omdat it harren tiid wie?

sântigers en sechtigers,
wylst it harren tiid noch net wie?

fiiftigers en fjirtigers,
ûnrjochtfeardige lot?

jongeren,
dy't midden yn it libben stiene

bern
dy't gjin kâns krigen
om der in libben fan te meitsjen.

grêven,
nammen,
man en frou,
bruorren,
heit neist in bern,
lytse poppen,

en allegear mei harren eigen ferhaal

herinneringen
komme bij mij boppe
oer minsken dy't ik goed kend ha

mar ek "och hedens"
och heden...dat is al sa lang lyn dat dy...
och heden... dy leit hjir ek ...
och heden....dat is ek sa....

grêven
yn soarten en maten
fertutearze of mei soarch ûnderholden

it wie goed om de wearde fan it libben
wer efkes te fielen


bij it ferlitten fan it hôf
haw ik it stek wer efkes tichtdien
it piipte en kreake
sa't dat miskien wol past
bij in stek
bij in hôf


In grêf fan 1975 alinne de namme is noch te lêzen:
Bauke Tuinstra, 


twa brourren, beide yn it ferkear omkommen


Dat Kees sa jong stoarn is, dêr skrok ik no fan....


in jierke âlder as mij en jong ferûngelokke op de brommer bij de Kliuw


beste Tjerk



beste Wytze....syn broer





1 opmerking:

Anoniem zei

Ja Aant, der lizze in protte minsken dy't we te betiid misse moatte.
Groetnis Nantje