De tiid hâld gjin skoft
song Tetman de Vries
yn de jierren sechtich
fan de foarige ieu...
en sa is it...
wêr binne de jierren bleaun
dat frege ik mei justermiddei ôf
doe't ik it efkes op it tsjerkhôf
omstapte yn eigen doarp
It algemiene begrêfplak
dat oanlein waard yn de jierren
doe't ik in jonkje wie
en oan de Molewâl of Opslach wenne..
Doe leech,
no al aaklik fol.
mei nammen op grêfstiennen
fan minsken dy't ik kend ha:
tachtigers,
omdat it harren tiid wie?
sântigers en sechtigers,
wylst it harren tiid noch net wie?
fiiftigers en fjirtigers,
ûnrjochtfeardige lot?
jongeren,
dy't midden yn it libben stiene
bern
dy't gjin kâns krigen
om der in libben fan te meitsjen.
grêven,
nammen,
man en frou,
bruorren,
heit neist in bern,
lytse poppen,
en allegear mei harren eigen ferhaal
herinneringen
komme bij mij boppe
oer minsken dy't ik goed kend ha
mar ek "och hedens"
och heden...dat is al sa lang lyn dat dy...
och heden... dy leit hjir ek ...
och heden....dat is ek sa....
grêven
yn soarten en maten
fertutearze of mei soarch ûnderholden
it wie goed om de wearde fan it libben
wer efkes te fielen
bij it ferlitten fan it hôf
haw ik it stek wer efkes tichtdien
it piipte en kreake
sa't dat miskien wol past
bij in stek
bij in hôf
In grêf fan 1975 alinne de namme is noch te lêzen: Bauke Tuinstra, |
twa brourren, beide yn it ferkear omkommen |
Dat Kees sa jong stoarn is, dêr skrok ik no fan.... |
in jierke âlder as mij en jong ferûngelokke op de brommer bij de Kliuw |
beste Tjerk |
beste Wytze....syn broer |
1 opmerking:
Ja Aant, der lizze in protte minsken dy't we te betiid misse moatte.
Groetnis Nantje
Een reactie posten