zondag 5 maart 2017

Efkes Balje

Freed wer Efkes Balle.
It wie wer in moai potsje.....

Foarhinne wie bier gewoan bier. Neat gjin smaakjes en spesjale bierkes. Oke, der wie "donker" bier mar dat wie foar foar froulju om de boarstfieding op gong te hâlden of soks sa wat.
Kom no yn in supermerke as Jumbo en der is mear ferskaat oan bier as oan griente en fruit bijelkoar.
Bier smakket ek net altyd gelyk want dat hat mei de omstannichheden te meitsjen. Bij waarm waar falt it der yn as in preek yn de âlderling en it skynt nei in oerwinning ek better te smeitsjen. At je de twa winnende doelpunten meitsje is it hielendal hearlik. Dat moast ik justerjûn meardere kearen heare doe't ik mei Pieter Veenje weromfytste nei Wommels. "It bierke smakket aansens best" sa liet hij mij bij alle hikken witte.
It wie opmerklik fan ploechje 6 ( Wouter, Folkert Rients, Wiebren, Sipke, Menno en Pieter Messi) om yn de finale de twa kânsen dy't se krigen gelyk te benutten. Yn de grutte partij wie it meast neist, oer, latte, peal of der stie ien fan ploechje 5 ( Ferrie, Remco, Frank, Harrie en Aant ) yn it paad.
Oan de oare kant wisten dy wol rie mei de romte en de kânsen. Strak en fluch nei foaren en skoare. De útslach fan de grutte partij wie dan ek net spannende te neamen, it op en delgeande spul wol.
De finale wie de Pieter Messie sjow. Ûnbegryplik dat twa Efkes Ballers dit wykein nei Barcelona binne om Messi te sjen, wylst de Messi fan de greidhoeke gewoan op freedtejûn mei harren stiet te baljen.
Myn bierke smakke justerjûn wat bitter, mar dat wie dan ek in spesjalen.
Aant

Geen opmerkingen: