song King of the World justerjûn
yn it Bolwerk yn Snits
krekt neidat ik yn it skoft
fia de sosjale media sjoen hie
dat Istanbul wer opskrikt wie
troch in bomoanslach.
At it troch dat nijs komt wit ik net
mar ik koe it net hielendal út myn kop krije
en belibbe de live muzyk iets minder entoesjast as oars.
Black &Blue |
der wie oars mei it foarprogramma net folle mis.
Black & Blue út Boalsert en omkriten
in lekkere bluesband,
mei jankende gitaren fan de bruorren Rosenau
Oer King of the World kin ik dat net hielendal sizze
muzikanten goed
gitarist prima
sommige nûmers goed
mar it wie it allegear krekt net
de sfear woe der ek net echt ynkomme,
de iene nei de oare besiker liet it ôfwitte
enkrûpte hieltyd mear nei efteren
wêr't tal fan "muzykleafhawwers"
de hiele jûn al besochten de desibelmjitter
boppe de 95 te krijen
mei harren gepraat
It slagge harren krekt net.......
Mei in moaie strakke wyn
en in fûle reinbui
wie ik samar thús
net wurch
wol dweiltrochwiet...
je moatte wat oer ha foar de blues
Geen opmerkingen:
Een reactie posten