donderdag 15 december 2016

Jesus Christ Superstar


Ik hâld der fan
muzyk te belibjen yn in seal,
der giet,
nettsjinsteande in goeie muzykynstallaasje,
de mooglikheden JoeTjoep en Spotify
neat boppe "live".
ik kom dan ek  hast altiten optein thús
nei in konsert...
soms krekt iets mear opteiner,
mar dat makket neat

Woansdei mei Jellie
nei Jesus Christ Superstar west
yn de HMH en ik wist it fan te foaren:
ik moat hjir nei sjen en heare
mei de eagen en it gefoel fan in oar....

hokker oare dat wêze moast, wist ik net
mar dêr kaam ik gau genôch efter

Man, man, man
wat in entoesjasme
wat in in belibbing
wat in ferearing fan de helden dy't dit spylje

ik hie der net goed oandien
om it bibelsk ferhaal
earst net wer in kear te lêzen.
Hoe siet it  ek al wer mei dy Judas?
Omdat Frysk myn earste taal is, 
Nederlândske myn ferplichte twadde taal skynt te wêzen 
en it Ingelsk dêr fier efter oan komt
foel it net ta
oan de hân fan de songen teksten
it echte ferhaal op te pakken
en de essinsjes te begripen.

Mar hawar,
wat er hingjen bleaun is
fan wat ik leard ha op de Herfoarme skoalle,
koe ik úteinlik wol brûke.

Foar minsken dy't it ferhaal net kinne
(soene dy dêr juster west ha?)
en it Ingelsk net machtich binne
en net fan toetermuzyk hâlde is it in drege jûn

Mar, sa't ik al sei
ik ha mei de earen fan in oar heard
mei de eagen fan in oar sjoen
en hie in moaiejûn

Wat in emoasje yn de seal
en wat in wurdearring foar it spektakel:
it hantsjeklappen tuskentroch
mar foaral de 10 minuten duorjende ovaasje.....

"ik" kaam optein thús....



Dêr boppe yn, dêr sieten wij....

Foto's meitsje en filmje mocht net, dan dogge je dat fansels ek net

it slot


Geen opmerkingen: