zondag 19 april 2015

De Kuip dy't mar net trilje woe

Achte hear Rutten, beste Fred,

Witte jo wêr't Skearnegoutum leit?
Nee?
Wommels dan dochs seker wol?
Nee, ek net.
Ik sil it jo sizze,
dat leit 214 en 204 kilometer fan de Kuip
de Kuip, jo wol bekend

Jelmer en ik wiene snein yn de Kuip
nei 214 kilometer riden
mear as twa oeren ûnderweis
foardat wij fak S yn koene.

fak S, dêr sit mij in stel supporters
miskien kin ik better sizze, stiet in stel supporters
want dy kuipstuoltsjes kinne echt wol fuort
sitte is der net bij.

se steane en se roppe
ek hjoed
se rôpen rare wurden
nei jo spilers
dat se der neat fan koene
dat se arrogante kl..ts.kk.n wiene
dat se h.m.'s wiene, at se in bal ferspilen
en hoe langer wij dêr yn it sintsje stiene
hoe slimmer it waard.

achte hear Rutten, beste Fred,
ik snapte harren wol
it fuotbal fan jo ploech wie net om oan te sjen
it wie neat bij neat

ik begryp it wol dat je as supporter
je ûntefredenheid heare litte
ek al wiene sij op de skooter of mei de trem
ek al hiene sij gjin 214 kilometer riden
en hoechden sij ek net 214 kilometer werom

Fuotbaltaktysk wolle wij ús der net mei bemuoie
wij hawwe der net foar leard
mar iets mear beweging sûnder bal
en iets mear doarre op de fleugels
levert fêst mear kânsen op
dat doarre jo dochs wol te sizzen tsjin dy mannen?

En dan noch wat oars,
iets oer dat foejeare bij de yngong
dat Jelmer wol foejeard waard
en ik net
dat is leeftydsdikriminaasje
wolle jo dat efkes trochjaan oan it haad befeiliging
dêr steane flinke jildboetes op.

en miskien kinne je oan de salarisadministraasje trochjaan
dat in ynhâlding op it lean fan dizze moanne
in goeie opsje is
foar dy spilers
en foar jo

en as lêste miskien noch efkes in praatsje meitsje
mei it haad wettersproeie
wat hat dat no fan sin
sproeie yn it skoft
at de spilers nei it skoft omraak útgliidzje.....
foaral dy fan jo team

It hichtepunt dizze middei?
dat wie de Erasmusbrêge!



Groetnis
in Feyenoord fen dy't Cambuur ek wol lije mei
in Cambuur fen dy't Feyenoord ek wol lije mei.
dy't fierders in moaie dei hân hawwe












Geen opmerkingen: