donderdag 2 april 2015

Wraps

Wite tongersdei
ek in dei fan in tradysje:
de peaske lunch
op it wurk

Dit jier mar ris wat oars as,
tochten en seinen guon
dy peaskebôle, searne aaien, sûkerbôle en salade
dat is ek altiten itselde

mar wie der net in kollega
litte wij him foar it gemak Mike neame
dy't ús al jierren oanjout 
hoe lekker Surinaams iten wêze kin..
Hij as Paramariboer (sprek út bo-er)
kin dat witte

Dus waard it dit jier allegear oars
in lunch mei Surinaamske hapkes
wraps, mei kerry, mei kyp, mei ierpels, mei triedsjefleis
en mei skerpke saus




en sa sieten wei tusken de middei te iten
en foaral te bearen as âlde wiven
hoe lekker it wol net wie
dy hapkes út Suriname
of leaver dy hapkes
út in Surinaamse snackhal yn Snits

"Dit dogge wij faker, 
dit is sa lekker
dit dogge wij alle wiken
wat is dit hearlik,

En krekt at wij dwaande binne mei de lêste happen
komt samar kollega Mike binnen
Unferwachts op lokaasje mar net minder wolkom fansels

Och, wat spitich no
datst net wat earder wiest
datst mei  ite koest
datst...

"Ik heb mijn brood"
sa liet hij ús witte
"Dit zijn goed bedoelde Surinaamse hapjes die Verhollandst zijn"
ljochte hij noch ta
wylst wij yn de tsjinoanfal gyngen
mei in in herhaling fan:
wat wie it lekker.




Demonstratyf iet hij syn bôle mei tsiis op bij ús oan tafel...

Geen opmerkingen: