woensdag 4 april 2018

Aaipop

In moaie tradysje op peaksemoandei
op de fyts nei Aaipop

Net hoppe fan band nei band.
fan Tongertinte nei Teneftertinte
mar hiele optredens sjen,
dat wie it doel

en dat slagge best
oars sein,
dat hat mij best foldien


 

Jaap Louwes mei band,
in prachtich optreden
mei in lekker stevich muzykje....



Gerrit Breteler yn harkjesangseal, oandachtich publyk
harke nei moaie lieten fan Gerrit mei begelieding fan Peter van der Zwaag\

Tusken troch Bruno
mei in earbetoan oan Doede Bleeker



 
In moaie foto kollaazje ta oantinken fan de man dy't er fanôf it begjin bij wie



 Marius de Boer ek wer ris sjoen en heard
Ik mei graach oer syn lieten (ek út de Reboelje tiid)




Bad Mood, ek samar op Aaipop
mei harren tophit Lekker,lekker, lekker


 Skraal mei de ûnferfalste bluesrock



De graazjerock/punk fanVoskovs.....dy meie alle jierren wol komme








Gastoptreden fan Fammen bij Voskovs




As leafhawwers fan Dropkick Murphys ek leafhawwer fan NNB


zondag 1 april 2018

Ofslútdyk

De nije Ofslútdyk
dêr wurdt oan wurke.
It ynfosintrum mei restaurant is klear.
Oan ús kant fan de dyk:
Koarnwertersân.

Wij wiene der freed mei Jelske en Roan.
Krekt sa'n tripke
mei ynformaasje foar lyts en grut
en ferdivedaasje foar lyts












vrijdag 30 maart 2018

Argewaasje




Yn de LC dizze wike
in opiny stik oer de âlderen,
oer de ferfelende, yrritante âlderen
kin ik better sizze.

Oer ús dus
oer mij

"Met z'n tweeën naast elkaar blijven fietsen"
dy sin,
dêr giet it hjir oer

As "fytser fan al den dei"
haw ik dêr ek in soad argewaasje oer:
dy twa E-bike fytsers op leeftyd
rjocht op, kop omheech
en de gong der yn
neist elkoar.

Gjin muoite nimmend oan
efkes gas werom te nimmen,
op in fytspaad dat foar trije op in rige
in te krappe bedoening is

Sij sille wol prottelje
at se mij tsjin komme:
dy giet ek net oan de kant.

Nee dat klopt.
gean sels mar efterelkoar fytsen

en sa klopt it byld,
It iene âldsje hat argewaasje oan de oare
en de oare oan de iene......

âldstjes op de dyk?
allegear argewaasje




donderdag 29 maart 2018

Rûntsje Frysman



Dizze prachtige fytsroute
kin ik jim oanbefele:
It fytsrûntsje fan de Frysman,
de triatlon dy't dit jier op snein 24 juny holden wurdt
fanof de lokaasje Reaklif.

In rûntsje fan 45 kilometer
dat dy atleten 4 kear fytse moatte
wij mar ien kear...

Wij starten yn Riis en fytsten "omstekeard"


Hotel Jans..... mei dêr efter de teatertún

Bij Himmelum binne se dwaande mei de rûnwei

It sicht op it gemaal fan Starum

Bij it Reaklif de Frysman lokaasje ..no in keal kampke lân
De earste Dútske peasketoeristen troffen it mar op Laaksum

it laam kaam krekt út it skiep wei

sûnder dat de boer der bij wie.....

hoeke bij Laaksum

ticht bij de Iselmar efter Aldemardum en Nijemardum

sicht op de wynmûnen dy't Lemmer mei Urk ferbynt..

It "oer de" Seedyk kiekje

Gitaarke slaan




Op dit stuit dwaande
yn Jimi Hendrix;
in kleurryk boek
fan in kleurrike gitarist
yn de jierren 60

Hij stie bekend
krekt as Peter Towsend fan the Who
om it stikken slaan fan de gitaar
bij it lêste nûmer 
(mei ik hoopje)

In fermaaklike anekdoate,
doe't the Who en Jimi Hendrix Expierence
op it seld festival optrede soene



woensdag 28 maart 2018

Dinky toys


Trije fan ús pakesizzers binne jonges,
ien dêrfan is noch te lyts
om mei auto's te boartsjen.

De twa, Roan en Samme
meie graach mei auto's boartsje.

Doe't ik dat fannewike wer seach
en de tafel folset waard mei auto's
tocht ik wer oan myn bernejierren

thús wiene der allinne mar jonges
dus auto's wie it boartersguod.

ik wie in echte Dinky toys-auto-boarter,
sa stiet mij bij.
dy izeren auto's op in skaal fan 1:43,
dy auto's fan izers,
dy auto's sûnder gelûd
en sûnder ljochtjes
sûnder oandriuwing
de auto's dy't net stikken koene

efkes sykje op ynternet
mei help fan myn herinnering
kom ik de modellen tsjin
dy't wij hiene begjin jierren 60















donderdag 22 maart 2018

Nyck





Samme hat in bruorke,
de flagge kin út
mei in blauwe ballon


Nyck is 20 maart berne

bylden sprekke fansels:
in grutske pake Aant en beppe Jellie