Je hoege net fier om it moaie te sjen.
Je moatte allinne op tiid fan bêde en
de kjeld trotseare.
Moai winterwaar,
dus op de fyts nei Skrok en Meilahuzen
Je hoege net fier om it moaie te sjen.
Je moatte allinne op tiid fan bêde en
de kjeld trotseare.
Moai winterwaar,
dus op de fyts nei Skrok en Meilahuzen
Se hawwe it op harren wize sa goed regele bij Ziggo.
Yn de "Mijn Ziggo"omjouwing kinne je in soad sels regelje.
Sa as it opsizzen fan in streamingtsjinsr.
Dat sels regelje kin, at it wurket.
Al twa wiken lang slagge it mij net.
In mail nei dy "helptsjinst"
en nei 72 oeren krige ik in antwurd.
In allessizzend antwurd
"Sykje it lekker sels mar út
want it is in probleem en wij losse it net op foar dij"
dat is de strekking
Hjoed socht op forums,
want at ik dit probleem ha,
dan binne der fêst mear.
Ik seach in efterôf gouden tip.
Bisar gewoan.
Opsizze net fia Wifi, mar fia myn G4 of G5 abonnemint
dat slagget wol.
Dankjwol Ziggo,
dat hiene jim ek as antwurd jaan kinnen
It is wat hijich oer it lân
at ik fannemoarn fia Iens nei Spannum fyts
Bonkwert is it doel, foar in rûntsje rinne.
Ik sjoch it net wat,
mar hear wol geskraap oer beton.
Mei fiif man sterk binne se dwaande
it ûnkrûd en oare rommel fan it rinpaad te ferwiderjen,
sûnder lûdmeitsjend apparaat mei mei de hân en hânark.
De mannen fan Empatec
dy't oars yn Berltsum en Bitgum it grienteam foarnje
binne no útliend om Bonkwert op de kreazjen.
It is in hiele klus
en moai dat se wat selskip oan elkoar hawwe.
Oan de ein fan it paad in paniel fan Waling Dijkstra.
Spitich dat ik wite letters op in wite eftergrûn lêze moat.
Dêr haw ik gau myn nocht fan
Der binne fêst boeken
oer de suvelfabriken yn Fryslân
Der is ek wol in nijsgjirrige webside mei foto's
Sjoch hjir
Fiif sylboaten binne dwaande
de hiele wrâld oer te farren.
Ik folch it mei grutte belangstelling,
dizze "Ocean Race"
Fia filmkes, bylden en fansels de tracker.
Se binne no dwaande mei de twadde etappe
fan Kaap Verdie nei Kaapstad
Se binne no earne tusken Brazilie en Westelik Afrika
Op ûndersteande foto de stân fan saken
It blaue gebiet binne de saneamde Doldrums,
dêr is gjin wyn.
Se farre no sa'n 5 knopen per oere
en komme dan út op sa'n 170 kilometer yn 24 oeren.
Mei wat normale oseaanwyn is dat gau 600 kilometer yn 24 oeren
De ferskillen binne noch net sa grut
Tusken de earste en de lêste sit no sa'n 84,6 mijlen
Jim kinne de rees hiel maklik folge
mei dizze link
It soe net earlik wêze
at ik myn suksesrapport hjir allinne del sette soe
Dêrom hjoed myn alderminste rapport ea
Tidens de legere skoalle perioade wurd ik "klearmakke"
om nei it lyceum te gean.
In oantal sneontemoarnen geane wij al nei Snits
om wat lear,- les- en fytserfaring op te dwaan.
Yn dy tiid is der op sneontemoarn gewoan skoalle.
Tusken 1952 en 1982 wurke myn heit op it molkfabryk yn Wommels.
Se makken dêr tsiis en bûter.
Hij wie dêr sentrifugist.
Yn myn herinnering wie der ek alle jierren fabrykskeatsen.
Dat wie de ienige kear yn in jier dat hij keatste.
In krânse oan de muorre dat kin ik mij net herinnerje.
Hij hie in soad fan mij!
Dy keatserij dat wie in sportyf en sosjaal barren
sjoch ik oan de stikjes yn de Boalserter Krante.
Dat er op tsiis trakteard waard,
dat begryp ik en dat Rivella (de reade tink ik) út Wolvegea de doarst leste ,
fyn ik logysk,
mar dat der rokerij foar publyk en keatsers beskikber wie en dat ek de prizen rokerij wie,
je kinne it je no net mear foarstelle
Al dy kwissen mei fragen oer skiednis
leverje in soad diskúsje op.
At je iets net witte en in twitteraar wit dat tafallich wol,
dan wurde je ôfmakke troch dy twitteraar en tal fan oaren.
Mei de grûn gelyk.
Wij fine it bijsûnder dat immen net wit
dat Franeker in stêd is
dat it ien fan 11 is
dat Eise Esinga dêr syn planetarium hie
en dat de PC, de wichtichste keatsdei yn Fryslân dêr is.
Mar wat witte jim fan Berkel
of fan Reuver, dat hast like folle ynwenners hat?
Ik haw myn rapportboekje
fan de Herfoarme skoalle der mar efkes bijpakt
om te sjen hoe't it siet mei myn skiednis en sa
Ha jim wol ris Wok besteld bij Thuisbezorgd?
Wij net.
It soe frjemd wêze dat dat jimnet wok besteld ha.
Want neffens in ûndersyk docht bliken dat
wij yn Fryslân dêr sljocht op binne
Ik haw gjin idee,
at Jellie en ik ek in trouboekje haw.
It sil wol, mar it leit net boppe yn in laatsje
Ik kom dy fan myn heit en mem tsjin.
Yn 1952 binne se troud.
Wat mij opfalt is de lêste bledside
dy't spesjaal bestimd is foar de memmen.
Fierders kin ik sizze
dat ik net mei memmemolke grut wurden bin.
Hjir stean wol in oantal opfallende ferplichtingen yn
Ik rûn sneontejûn op de Nijstêd yn Ljouwert
Dêr kom ik net sa faak,
want ik bin net sa fan it winkeljen
en dan kinne je dêr foaral dwaan.
Ik bin ûnderweis nei Neushoorn
en myn each falt op de Pindekaaswinkel.
De Pindekaaswinkel. dat is nij foar mij.
Ik kin mij der best wol iets bij foarstelle
mar dat sa'n winkel op in prominint plak
"de drokke kant fan de Nijstêd" stiet, ferbaasd mij.
Sneintemoarn lês ik it AD
mei dêryn in nútsjesmoartest.
De beste, neffens it pennel,
is te krijen bij û.o. de Coop
Ik sjoch yn ús keukenla
en dêr stiet yndie de pot fan de Coop.....
Wij binne dus kenners
Etske Thie is lid fan EXTINCTION REBELLION
in aktive miljeu groep minsken.
Sûnder geweld wolle se harren punt meitsje.
Sokke lju lizze sels ek altyd ûnder in fergrutglês.
Sitte se yn auto, is it net goed
Sitte se yn in fleantúch, is it hielendal net goed
Wannear binne je perfekt,
dêr giet dit stikje oer.
In moai artikel yn it AD oer it skriuwen.
Man, man wat kinne wij allegear lang mei in pinne ta hjoeddedei
Jellie puzzelt in protte, dat docht se mei de pin.
Der giet dus wolris ien leech.
Us boadskippen skriuwe wij op in briefke
en it ferhaal wat ik optekenje foar Diggelfjoer
doch ik ek mei de pinne.
Fierders soe ik it net witte.
De pakesizzers dy't grutsk sjen litte,
as se de goeie leeftyd ha
dat se de earste letter skriuwe kinne fan de foarnamme
en dan de hiele foarnamme
Dat fan dy spykbriefkes kloppet
opskriuwe is goed om iets te ûnthâlden.
Oer de brêge, dat is it tsjerklik bledtsje yn Wommels
Ik sjoch dêr in sin yn stean
wêr't myn hier rjocht fan oerein stean giet.
De zondag was vroeger een feestdag........
Hoe kin iets in feestdei wêze
at je neat meie,
as allinne mar nei tsjerke gean
en dy stomme spultsjes dwaan
(net kaarte, want dat fan de duvel)
De snein wie de meast tryste dei fan de wike.....
Der wie mar ien ding wat mij oansti:
dat wie de gefulde koek bij de bakker wei
dy't wij snein krigen neist it stikje keek.
in gefulde koek mei dat nútsje
Rik Kuiper skreaun in boekje
oer de ienige Siameeske twilling yn Nederlân.
Yn 1953 berne yn Mûnein
en yn 1953 fan elkoar ôf operearre.
De twa sussen fan no hâlde net fan publisiteit.
It boekje hjit "Lieve meisjes, heel gewoon"
Wol aardich om te lêzen
hoe't dat dy earste moannen gie.
Meast tryste wie dit stikje.
Krekt foardat de operaasje plak fine sil
komt der in âlderling lâns.
Nostalgyske elpees en stampende klipkes
mei yn de seal loftgitaarsolo's,
hertferskuorrende sjongpartijen,
in swingende dûnsflier
en in hapke en snapke op syn tiid.
Moai dien mannen mei de sinnebril
Ik kom yn de list top 50 "sing a song" albums
it album fan Woody Guthrie tsjin.
Hij besjongt in cd fol mei ferskes
oer de grutte stofstoarm yn Amearika yn de midden jierren 30.
Wurklik in skitterjend album
oer djiptryste omstannichheden foar de bewenners fan Oklahoma,
dy't harren heil earne oars sykje moasten,
mar nearne wolkom wiene.
In oantal ferskes [op spotify binne se allegear te finen]
sitte yn dit klipke en de foto's sizze alles.
Njoggen minuten 'genietsje mei it hert yn de kiel'
De lêste, sis mar 50 jier, is der moai wat feroare.
Dêrfoar ek wol, mar dat bin ik mij net bewust.
Feroaringen dat is de foarútgong , seit men.
Fraach is no wol at sa stadinch oan
net ús delgong oan it wrurden is.
Hast alles feroare, en hast dêr lis ik de klam op.
Nim no de banandoaze,
dy is net feroare.
Se wiene der al yn de 60 en 70
doe't ik in oantal jierren bij Sape Smeding wurke.
Op it plak wêr't doe de Spar wie,
sjoch ik no Siepie Fopma,
de grienteboer bij Jumbo Kooistra
mei in bananedoaze karkjen.
Siepie wurket ek al moai lang yn de griente en fruit
en wij binne it wol iens,
de bananedoaze is net feroare.
De banendoaze, earst mei Fyffes der op ,
doe mei Chiguita
en no dus mei Bajella
De banendoaze hat sels op Wikipedia
in eigen side.
Dus wolle jim mear witte fan in stikje
"Kulteriel Erfguod", sjoch dan hjir
Seis pakesizzers
en fiif dêrfan op skies yn Switserlân.
Fan dy fiif slaggen der trije mei flach en winpel
Sij rûtse de blauwe pyste del,
nei trije dagen oefenje
Twa fan de fiif fine snie best wol aardich
mar wiene net fit
of hiene gau harren nocht.
Dan wie der noch Syb, de jongste.
Dat wie myn maat.
Wij bleaunen op de basis
en dat fûn Syb net slim
Ik al hielendal net
Wat in mantsje, wat in wille
It kin fansels net in minsk wat skele
hoe't ik myn tiid benut.
Mar foar myn eigen gefoel fyn ik it leuk
om bij te hâlden wat ik sa al lês yn it jier
neist de twa deiblêden en in hiel soad regionale wykkranten.
Ik lês meast twa boeken tagelyk
en de E reader is der foar de fakânsjes
Ik kom út op 60 boeken dit jier
wêrfan
6 muzykboeken
6 Fryske boeken
2 sportboeken
1 fytsreisboek
3 ynformative boeken
en 42 trillers
Tal fan moaie boeken,
mar goed dat ik gjin stjerren hoech út te dielen
Wielervrienden hâldt fia Strava bij
yn hokker gemeenten je fytse.
Ik sit sûnt 2020 aktyf op Strava
Neffens Wielervrienden haw ik yn 159 gemeenten fyts
sûnt april 2020
Dat is 45% fan it totaal
Ik krige dit oersicht oer 2022
It fytsdoel fan 2023 wurdt om it oantal gemeenten nei 200 te bringen
Frysk behâlde wurket allinne mar at je it ek brûke
Al dy Ingelske wurden dy't foarbij komme,
it griist mij oan.
Moai dat lêzers fan de Ljouwerter Krante
op syk gean nei moaie fryske wurden.
Dit is de rispinge fan 2022
Ik moat der yn alle earlikens bijsizze:
Ik haw fan 50% fan dizze Ingelske wurden
gjin idee wat it allegear betsjut.
De moaiste?
snikketikker
De priissouder foar elektrys en gas hâldt hiel wat minsken dwaande.
It komt net bij elkenien goed út.
Hoe sit it mei de ôfrekken dy't middel yn it jier is.
Yn dit foarbyld 1 april.
It skynt dat er dan dizze tabel brûkt wurdt
om te bepalen wat je der ûnder of boppe sitte
Liket mij ek wol in handich oersicht
at je erstappe wolle nei de WEK
It doel is 1 juny, mar sykje noch út
at dat foardielich is mei de ferrekening fan de sinnepanielen
Ik sjoch efkes wat it nijs is en skrol op twitter troch nei de kollum trends
Ik klik it net oan, wêrom it nijs is
mar doch in gokje wêr't it oer giet.
1. Oudejaarsdag
Der binne minsken dy dogge hjoed iets wat dêr mei te meitsjen hat.
Se bakke oaljekoeken, stekke fjoerwurk ôf, sitte al oan de buorrel
en dat meie wij fia twitter best witte
2. Oliebollen
Sa dúdlik as wat, at je dy dingen bakke, keapje of opite dan meldt je dat op twitter.
3, Oud en Nieuw
Dat kin hast net oars gean as oer dit prachtige plaatsje
4. Nieuwjaar
Dit binne lju dy't net genietsje fan dit momint (aldjiersdei) mar al mei moarn dwaande binne
5. Ingelijks
In ynkopper. Je skriuwe op twitter "de bêste winsken" en it makliks is om werom te twitterjen "insgelijks"
6. Benedictus XVI
It kin hast net misse, hij hat de Kryst wol helle mar it nije jier net.
7. Wilders
Hat wer wat sein oer Marokanen of oare bûtenlanders. De helt fan de twitteraars sil it der meiiens wêze. De oare helt net. Hjir wurdt stienhurd oer twittere
8. Vuurwerkverbod
Der binne no al lju dy't har nocht hat fan it fjoerwurk dat no ôfstutsen wurdt of der binne minsken dy't roppe om in ferbot fanwege de hurde wyn
9. Jaarwisseling
It selde as bij 8
10 Rammstein
Dizze minsken hawwe de Top 2000 der foar en heare Du Hast foarbijkommen.
Krekt as mij. Geweldich nûmer en de muoite wurdich om dêr oer te twitterjen
11. Claudia de Breij
De foaroardielen oer de konferênse jûn fleane al troch de loft.
Miskien freegje twitteraars harren wol ôf at se har TV freontsje M van N ek oanpakt.
Ik sjoch net, mar lês it letter moarn wol op.....twitter
12. Wens
Ik "wens" jullie enz.....
13. Geert
sjoch 7
14. Vuurwerkoverlast
Sjoch 8
yn regionale kranten
kom ik dit tsjin.
Mar goed dat it net in H.P. te O of te W wie
want dan moast ik fansels op syk
nei de namme fan dizze drinkebroer
De technyk liet it sitte.
Ynlogge wie/is net mooglik
Fandêr de blochrêst.
It is noch net oplost,
mar kin mij no op in oare wize rêde.
Sil sjen at ik foar de kommende dagen noch wat ha.
Sit folop yn de âlde kranten
en de âlde papieren fan myn âlders.
Dat wurde foar ús nijsgjirrige oersichten.
Letter mear dêr oer.
Earst op oppasfakânsje.
Hullie op de lange latten
en ik mei Syb yn ús ferbliuw yn Switserlân.
Der leit noch snie,
mar wij hawwe noch twa waarme nachten yn Nederlân.
At wij de waarmte net tefolle meinimme
dan komt it goed, foar dy oaren.
Bij Ljouwert yn it Griene Stjêr gebiet
hawwe se in oantal jierren in meardaags festival hân.
Omdat we dochs alles feringelse,
neamden se it Welcome to the Village
Ik haw der in oantal kear west op sneon
en prima muzyk heard.
Der is dêr in ferfelende buorman
dy't er foar soarge hat dat it der net mear komt.
It festival waard flink subsidiearre troch gemeente en provinsje,
omdat se fernijend binne of sa.
Fernijend betsjut, gjin bakje patat foar de flaubyt,
mar vegahapkes yn houten bakjes
It festival koe in oantal jierren ek al net troch gean troch koroana
ferline keazen se foar wat lokaasjes yn de binnenstêd
mar dat wie gjin WTTV.
Der wiene amper kaarten ferkocht.
No hawwe se foar 2023 noch gjin plak
en giet it oer.
Se hawwe de organisaasje sa delsetten
dat wij hast tinke moatte dat se harren as ûnmisber beskôgje.
Se hawwe in eigen hingplak, dêr't se oer fan alles neitinke
wat se organiseare wolle
at it ea wer trochgiet.
Ik sis, stoppe mei dy boel
en de subsydzje kin wol nei oare kulturele dingen
dy't wol wat sjen litte kinne
It is wat in sneuptiid
en de Boalserter Kranten en Snitser Krante fan earder befalle mij wol.
It kantongerjocht yn Snits behannele tal fan strafsaken
It is no in fermaak om te sjen wêr't men in boete foar krige
At ik it goed begryp dan wie it in jildboete of safolle dagen yn it gefang.
Sjoch mar bijgelyks : niet rechtshouden in een bocht"
F20,- of 4 d.h. (dagen hechtenis)
It wie in dúdlike formule.
Foar elke fiif gûne boete, koene je ek in dei sitte
Dit binne wat úspraken fan 1958
Ik hoop foar jim dat er net te folle famylje bijsit.....
Harren adfertinsje falt wer op
ik kin it hast net misse.
En dan binne der noch 6 yn libben
De bruorren en susters mei oanhong
fan in broer fan myn pake Hessel
Ik wit net at ik sprek út namme fan myn generaasje
mar feit is wol dat ik de Boalserter Krante,
sa't dy ea wie, wol wat mis.
Dy krante fan no, krije wij al moannen net mear yn de bus
en ik kin mij dêr ek net drok om meitsje.
Sa folle stiet der al net mear yn
en op it ynternet is de digitale ferzje ek te finen.
Nim no dy krante fan earne yn 1957.
Ik bin op syk nei stikjes oer SDS
(dêroer letter mear)
en stuit dan op dit prachtige nijsberjocht.
yn it Frysk ek noch wol
At ik mij net fersin
hat Pyt de Jong letter de Freulepartij en PC wûn
en is Durk Lemstra
(dy't se letter fêst Dirk neamden)
in goeie ruter wurden (sa no en dan wat dwers)
Logysk dat Pyt der ôffoel en Durk net
Help, "Vreemdelingenverkeer".
ja sels "buitenlanders" yn Gaasterlân
Wat in prachtich stikje út in Boalserter Krante
fan 1955
De skriuwer fan doe,
moast no ris sjen kinne
hoe't it der no útsjocht
ien fan de leukste akkounts om te folgen is DeSpeldSport en DeSpeld
Hearlike humor
Alles omdraaie en relativearje.
Foar in wedstriid, om God bidde
It is te tryst foar wurden.
Of soe der in fuotbalgod wêze yn de himel
neist de door Ajax supporters beneamde Johan de Messias
Wij meie dochs oannimme dat God him net drok makket
om wa't it fuotbal wint.
At er der wêze soe,
dan soe drok meitsje om oarloch en geweld better wêze.
Mar ja, wa bin ik om dat te sizzen
Ik leau der allegear neat fan
Gebak en in pantsje.
Dat byld die mij oan iets tinken.
It sil de jierren 80 west ha.
Wij drok dwaande yn it Dielshûs mei popjûnen
en beppe en frou de Boer pasten op,
op twa bern.
Sels wat bij de kofje te pakken dat diene se meast net.
Dus setten wij it klear,
sadat se der net ûnderút koene.
Ferline wike mocht ek efkes oppasse.
Op jûn, dat dogge wij net folle,
wij hawwe leaver dat er wat mear libben yn sit.
It gebak en it pantsje stiet klear.
Ik haw fansels in stikje naam
It sil septimber west hawwe
dat Tsjeard en ik entûsjast waarden fan it berjocht
dat Paceshifters yn Paradiso komt.
16 desimber dat haw ik yn holle
op in freedtehûn dat hat Tsjeard yn de holle
It Sinteklaa wykein stekke wij de koppen efkes bijelkoar
Hoe sille wij it dwaan?
"It is de dei fan de finale WK, dat is dy sneon"
"Nee, it is op in freed"
"Nee, it is op sneon, it stiet er dúdlik, sneon 16 desimber"
"16 desimber is net op in sneon, dat is op in freed"
Ferrek,
it is pas yn 2023
Wij ha al kaarten foar takem jier......
Bêst genôch
Dat hat mij altyd moai talike,
in kear in sit hawwe yn in sjuery bij in rjochtsaak.
Soks is kommen troch de boeken fan John Grisham.
Dy kin perfekt beskriuwe wat sa'n sjuery meimakket
en wat der yn in sjuerylid omgiet.
Yn België hawwe se bij bepaalde rjochtsaken ek noch in sjuery.
Sa as bij dizze saak
In sjuerylid wêze is net frijbliuwend.
Der wurde lykwols hiel wat smoezen oandroegen
om der mar fan ôf te wêzen.
Yn dit gefal begryp ik wol wêrom.
Moannenlang , sille je alles oanheare moatte.....
Sterkte "útferkoarne Belgen"