It soe net earlik wêze
at ik myn suksesrapport hjir allinne del sette soe
Dêrom hjoed myn alderminste rapport ea
Tidens de legere skoalle perioade wurd ik "klearmakke"
om nei it lyceum te gean.
In oantal sneontemoarnen geane wij al nei Snits
om wat lear,- les- en fytserfaring op te dwaan.
Yn dy tiid is der op sneontemoarn gewoan skoalle.
en slút myn koarte karriere op it Bogerman lyceum ôf.
Efterôf bin ik der wol wis fan dat
dat it net oan it learfermogen leit,
mar oan it sosjale aspekt.
Ik bin der gewoan noch net oan ta.
Yn july jierdei, dus in hiele jonge learling
en yn in klas mei in stik as 10 dy't it foar it twadde jier dogge
en dus folle âlder binne
en mear útgeanserfaring hawwe
dy't se graach mei mij diele
en wêr't ik in tige soad belangstelling foar haw.
Dat it twadde rapport noch in opmerking hat fan
"hard aanpakken" fan generaal Greep hat dus neat jûn.
Ik tink dat it krekt dêrom neat wurden is dêr.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten