zondag 21 augustus 2022

Lâns grinsstekjes nei Drachtster Kompenije

 Fan de Harkema fytse wij fia Surhústerfean,

Boelensleane, Houtigehage nei Drachtster Kompenije.

Dêr foar gean wij troch Blauhûs 

en lavearje wij troch twa stekjes dy't de grins oanjouwe

tusken Achtkarspelen en Smellingerlân

Boppedat fytse wij oer ferskate sinnepanieltsje hinne.

Benijd wat dy dogge yn it tsjuster.






Sa komme wij yn Drachtster Kompenije

en fine dêr ús 45 ste klokkestoel








gjin tou

wol stroom




zaterdag 20 augustus 2022

Klokkehûs yn de Harkema

 Yn de Harkema, bekend fan the Boys,

op syk nei in klokkehûs.

Mar goed dat ik it earst opsocht haw,

want ik soe it oars net gelyk herkend hawwe.

In klokkehûs is echt wat oars as i klokkestoel.

Mar hawar, 

tusken de Weenings, de Landen, de Spinders

stiet it klokkehûs

mei dêr efter is kreas urnenfjild



 








Yn de dea skûlet it libben










vrijdag 19 augustus 2022

Wolmoed fan Bouwekleaster

 Op it album "Underweis"fan Sytse van der Werff

stiet it nûmer Wolmoed fan Bouwekleaster.

It is in mankelyk nûmer.

Bouwekleaster leit tusken Droegeham en de Harkema

en yn dy buert wie earder in kleaster,

dêr't in klokkestoel bij stie.

Op syk nei Wolmoed en de klokkestoel dus.

De earste fine wij net, de twadde mei muoite

De oprydleane leit fuortdrukt 

troch twa frijsteande hûzen mei mânske tunen

sa't dy yn dy oanjouwing gewoan binne

De hortensias om de klokkestoel hinne

helle alle trystens fuort dêr.


















donderdag 18 augustus 2022

Klokkestoel yn Koatstertille

Mei de rûteplanner fan Komoot gean wij op paad. 

Ik jou thús oan hokker doarpen wij oandwaan wolle 

en dan siket "dat ding"de moaiste rûte. 

Sa liedt hij ús fan Twizel nei Droegeham lâns in binnenpaad nei Koatstertille. 

Ik sjoch meast goed om mij hinne 

en ta myn grutte ferrassing (en skrik) sjoch ik ynienen in klokkestoel stean,

 dy't ik noch net ferwachte hie.

Hoe sa, yn Koatstertille? Stiet net yn myn list, dêr bin ik wis fan.

Wij sjogge efkes rûn. 

De klokkestoel, it grêf fan Rienk Waaksma (grut Cambuurfan) en in yndrukwekkend stikje hôf mei bernegrêven. 

Thús sjoch ik yn dit bestân en hij stiet er net bij. 








woensdag 17 augustus 2022

Skrok



 Wachtsje foar terreurtrekkers

jout mij ûnrêst

Wachtsje foar oerstekkende kij

jou rêst

Sneintemoarn, krekt oer achten,

rin ik Skrok Hinaard Iens om.

Twa jongfeinten litte de kij wer bûten.

"Hoe let fannemoarn", freegje ik

"5 oere, mar it wie hjoed wat letter"

Ik begryp it, it wie juster sneontejûn.

"Oant 12 oere nei bûten, 

dêrnei wurdt it te waarm,

fertelt de iene

"Binnen ha se harren eigen plak,

Beter Leven keurmerk"

lit er mij ek noch witte

De boer is op fakânsje,

hij hat twa goeie ferfangers



Klokkestoel yn Twizelerheide

 Op de fyts troch de Wâlden op syk nei klokkestuollen

 en in klokkehûs bringt ús yn Twizelerheide, Koatstertille, Bouwekleaster, 

de Harkema, Drachtster Kompenije, Rottefalle en Nijtap/de Pein.

Hjir en dêr wie it wat sykjen mar it is slagge. 

In slachje oer it tsjerkhôf en je sa no 

en dan je ferbaze oer de moaie keunstwurken 

of efkes glimkje oer de teksten op de grêfstien.

Yn Twizelerheide in ienfâldige klokkestoel op it begraafplak. 

De stien mei in bijsûndere tekst luts de oandacht








Under oan de stien stiet:
Wat jo binne wie ik    wat ik bin wurde jo



zaterdag 13 augustus 2022

Taalflaters


 De gemeente Waadhoeke is goed dwaande.

Sij ferfange buorden dy't der net mear útsjogge

trochdat se troch waar en wyn oantaast binne.

Mar hoe is it mooglik

dat er net immen yn dat hiele trajekt oanjout

dat it Weakenserdyk wêze moat.

Mar gau wer in oaren en oars it troch waar en wyn oantaaste boerd mar werom

Sokke taalflaters dat kin echt net

Bea Falkema  út Spannum jout op twitter al oan 

dat dit net de earste flater is fan dizze gemeente.

De dyk nei Spannum hjit no Leakwerterwei 

en dat is Laekwerterwei.

Fanút Sint Nyk krij ik in reaksje fan Rients Smeding

Hij is der siik fan at er hjir lâns fytst




donderdag 11 augustus 2022

1074 km

 Efkes wat oansprekkende sifers fan july.

71 oeren beweecht neffens Strava

en dat yn 29 dagen.

Ien dei koroana en ien dei oppasse,

doe waard it him net.


Mei Bosch fytse, fytse, rinne en drave

moai ferdield yn persintaazjes





Skutsjesile, lêze en keatse

It skûtsjesilen op tv is dit jier geweldich.

Ik sit der alle dagen foar.

Utsein de fan de PC en 


de wedstriid yn Starum, dêr wie ik bij.

Op de Freuledei ferkeas ik sels it silen sjen  boppe it keatsen belibje.

It kommintaar fan Eelke Dijkstra is prima 

en de analyse fan Roelof Bouwmeester is geweldich.

Hij wie der twa dagen bij op 'e Lemmer

en wat nimt hij de sjogger mei yn de spanning fan de wedstriid.



De Freule op woansdei folget altyd op it lêzen foar de Freule op tiisdei

Wat in moaie tradysje is om sa'n bytsje in heal oerke te harkjen nei immen 

dy't wat te fertellen hat oer it keatsen rint dizze kear wat út.

It docht wer bliken dat in heal oere harkje nei in goed ferhaal prima is

mar alle minuten dat it langer duorret it ferhaal better noch wurde moat.

Helaas wie dat dizze kear net sa.

Ik haw it net útharke.....

De Freuledei wie ek prima.

In protte minsken, te moai waar

in oantal spannende partijen

en ferrassende finalisten.

Oh ja, in moaie maklike app 

dy't de list prachtich yn byld bringt.

Sa maklik, dat je net iens nei it keatsen ta hoege 

at je noflik oan de bar stean bij it Dielshûs of Jimbar

Der wie jûns in soad folk yn Wommels.....




donderdag 4 augustus 2022

PC

 


De PC is wer foarbij.

5 spannende partijen haw ik sjoen

Dat is best genôch.

Wat opfalt

De blommen dy't útdield wurde oan keatsers

dy't sizze dat se ophâlde,

en in oantal jierren wer meidogge

Dat is in dinkje fyn ik.

Dat is wat frjemd en dat seit ek wol wat.

Se hâlde te betiid op 

want se kinne noch maklik mei (Daniel, Hylke)

It folksliet foar de finale

dat wurdt fûleindich meisongen

dat heare je net faak,

Seker at je it fergelykje mei it neurien

fan de taskôgers bij de pompeblêdenklup