It skûtsjesilen op tv is dit jier geweldich.
Ik sit der alle dagen foar.
Utsein de fan de PC en
de wedstriid yn Starum, dêr wie ik bij.
Op de Freuledei ferkeas ik sels it silen sjen boppe it keatsen belibje.
It kommintaar fan Eelke Dijkstra is prima
en de analyse fan Roelof Bouwmeester is geweldich.
Hij wie der twa dagen bij op 'e Lemmer
en wat nimt hij de sjogger mei yn de spanning fan de wedstriid.
De Freule op woansdei folget altyd op it lêzen foar de Freule op tiisdei
Wat in moaie tradysje is om sa'n bytsje in heal oerke te harkjen nei immen
dy't wat te fertellen hat oer it keatsen rint dizze kear wat út.
It docht wer bliken dat in heal oere harkje nei in goed ferhaal prima is
mar alle minuten dat it langer duorret it ferhaal better noch wurde moat.
Helaas wie dat dizze kear net sa.
Ik haw it net útharke.....
De Freuledei wie ek prima.
In protte minsken, te moai waar
in oantal spannende partijen
en ferrassende finalisten.
Oh ja, in moaie maklike app
dy't de list prachtich yn byld bringt.
Sa maklik, dat je net iens nei it keatsen ta hoege
at je noflik oan de bar stean bij it Dielshûs of Jimbar
Der wie jûns in soad folk yn Wommels.....
Geen opmerkingen:
Een reactie posten