zondag 22 juli 2018

Hoe stean de sipels der bij?

Sneintemoarn betiid
noch net te waarm.
Sjen hoe't de sipels der bij stean
yn de Bouhoeke
dat wie it doel

De sipels stean der goed bij efter Seisbierrum



.de start of de finisj fan de Slachte.... in giele seedyk

Oare kant fan de haven yn Harns

it is Wad.......

Underweis nei Surch...wat in stilte


dinsdag 17 juli 2018

Rûntsje Snitsermar


Tiisdei 17 july in rûntsje Snitermar.....60 kilometer


Kofjedrinke op IIsbuorkerij bij Terherne yn de buert....Foar bern is dêr wol in hiel soad ferdivedaasje

De Kameleon lei hjoed net yn it wetter

Fermaak genôch yn Terherne


Yn Eagmaryp it bekende earrebarre nêst

It pontsje bij Rufus

Weromblikpetear

In moai wurd
weromblikpetear
Werom sjen op de Elfwegentocht
mei ús Tsjeard......


maandag 16 juli 2018

Fossylfrije rûntsje

Twa wiken sûnder in drip benzine
dat wie it tema de ôfrûne wiken
de Elfwegentocht moast it besef bringe
dat it oars moat mei it gebrûk fan ús grûnstoffen

Twa wiken skitterjend waar
dus kin it net oars wêze as der binne tal fan minsken
dy't meidien hawwe de fyts ûntdekt hawwe.

De lêste wike mij sels oplein
om 7 kear 40 kilometer te fytsen
alle dagen in rûntsje yn de buert

Sneintejûn koe ik dan ek 295 kilometer bijskriuwe


moandei: de wyn noardwest, dus op nei Harns

tiisdei:  de wyn iets noardliker, dus Dronryp

woansdei: de wyn noch iets noardiker, dus lâns Ljouwert

tongersdei....mar wer nei Dronryp mar krekt efkes oars
Freed...oppasdei...iets minder

sneon ...

sneon ......yn Ljouwert bij de Elfwegentocht

snein, de wyn yn it easten


maandag 9 juli 2018

Bleate fuotten

Myn simmersokken
dy komme amper út de kast.
Sûnt ein maaie sandalen oan
sûnder sokken,
net omdat sandalen mei sokken net stean
mar gewoan omdat it simmer is.

Sandalen oan
is foar mij net gewoan,
mar it befalt, wat sis ik
it foldocht mij skoan

de folgjende stap,
altyd op bleate fuotten rinne
dat sit er net yn

De pakesizzers dy't dogge dat
en it griist mij oan

Bij de Frysman
de hiele triatlon okkerlêsten bij it Reaklif
die ien atleet mei
dy't de maraton op bleate fuotten draafde.


Mei grutte ferbazing en ferwûndering
seach ik dêr Briess van der Werff út Ljouwert,
wat in bikkel.
drave oer de dyk en oer it ûnferhurde stroffelpaad
it Reaklif op.
42 km op bleate fuotten


donderdag 5 juli 2018

Sa moai is it net

It begong sa moai
ús fytsfakânsje fan Basel nei Caen,
dwers troch Frankryk

Prachtige route
lâns kanalen en rivieren
moai waar, rêstige kampings

wat kin der noch misgean?






















Wat er mis gean kin?

in fytspaad mei losse stiennen
in fytspaad dat samar ophâldt
in bocht
in fal
Jellie
ferwûningen
in sikenauto
in sikenhûs
hechtingen
pleisters
in harsenskodding





Werom nei de kamping
wachtsje op ferfier nei hûs;
thús bijkomme 
fan de skrik
fan de ferwûningen
fan de teloarstelling


Us lêste kamping yn Seuille

Reizgje mei de trein

Tiisdei 26 juny moarns 6 oere
fytse wij fan ús sliepadres yn Koog aan de Zaan
lâns in prachtige route
nei it Sintraal stasjon yn Amsterdam:
in moai begjin fan in soargeleaze dei,
ommers alles is regele foar ús treinreis nei Basel

Wij binne moai op tiid om de 7.25 trein te heljen.
Obstakel 1 binne de poartsjes,
sij geane net iepen,
hokker Q koade wij ek foar de skanner hâlde;
de Ynfopraatpeal is in doeltreffende oplossing,
de poarte nei de trein wurdt op ôfstân iepen dien
en wij binne noch altiten moai op tiid

It is in geheister
om fytsen mei bagaazje yn de trein te krijen
en in plakje te finen;
it slagget
en krekt op it momint dat wij tinke
ús deljaan te kinnen,
komt er in kondukteur en konduktrise
twa man/frou sterk om ús te fertellen dat wij met meikinne,
"Voor 9 uur geen fietsen in de trein,
wij verzoeken u de trein te verlaten"

en sij wize nei it buordsje
dat boppe ús parkearde fytsen hinget.

Wij litte ús reisbrief sjen,
opmakke troch de Treinreiswinkel.
"Wij moatte de trein yn Duisburg en Stutgart helje
want dêr is plak reservearre"
sa litte wij harren witte en litte wij harren sjen.
Frou kondukteur hâldt har stil,
man kondukteur wol net om lyk.
"dat is dan fout geregeld, u kunt niet mee"
"Ja maar, ja maar.... "
wij jouwe net op...
In oare reizger bemuoit him der mei:
"Ik maak ruimte ,
want ik vind niet dat die mensen de dupe mogen worden
van een fout bij de treinreiswinkel"
De kondukteur wit him gjin rie en seit dan: "die meneer is mij voor, de fietsen kunnen blijven staan, tenzij het druk wordt, dan moet u alsnog de trein verlaten"
Wat wiene wij bliid mei it úteinlik goeie hert fan dizze kondukteur.....


En sa kinne wij yn Arnhem oerstappe
op de trein fan de Dútske Arriva
helje wij yn Duisburg de goeie trein
mei reservearre plakken (wat ek nedich is dêr)
stappe wij yn Stuttgart oer nei Konstanz,
ek wer mei reservearre plakken
en pakke wij yn Singen ús lêste trein nei Basel.
Jûn om 19.25 binne wij dêr...
12 oeren wurk hân

Treinreizgje, it klikt sa maklik
mar de praktyk is oars at je fytsen bij je ha.


Wat earder thús as tocht,
en dan falt de Vogelvrije Fietser yn de bus
mei in artikel oer reizgje yn de trein
en dat jout wer in oar ljocht op de saak



Sa sit it dus....
It docht bliken dat dy freonlike kondukteur
dy't oer syn hert struts
de rigels net wit
en dat de Treinreiswinkel
dy't wij beskuldigden
it prima regele hat.......


In pear foto's út de trein

en nog mar hoopje dat er yn Utert gjin drokte is op de lijn nei Arnhem ta

yn de trein nei Duisburg

stasjon Keulen mei sicht op de dom

Fan Stuttgart nei Singen op reservearre plakken

It perron yn Singen....lift stikken mar wol op tiid foar de trein nei Basel